Sportcast

Sportcast

By Omrop FryslânSports
Download on the App Store

Sportcast episodes

  • #350: Johan Plat bliuwt rêstich nei falske seizoensstart Cambuur, Marcus Linday wol net prate en it jubileumkonsert fan Jan Smit
    It wie in flinke tebeksetter: Cambuur dat de earste earedivyzjewedstriid fan it nije seizoen mei 4-0 ferlear fan Excelsior. Trije dagen letter seit trainer Johan Plat de soargen te begripen dy't libje ûnder de supporters, mar hy seit dat der beslist noch gjin man oerboard is. By Sportklup Hearrenfean sit de fleur der mear yn nei de winst op FC Twente (1-0). Mar wêrom woe Marcus Linday Omrop Fryslân net te wurd stean? En driget Bernt Klaverboer fuort te gean?
    55 min
  • #349: Proper vs. Van Overeem, je hert fêsthâlde foar Cambuur en wêr einigje de twa Fryske klups?
    Nei in (fiersten te) lange simmerstop is de Sportcast werom. En der falt genôch te bepraten. Is Sportklup Hearrenfean sterker wurden yn fergeliking mei foarich seizoen? En SC Cambuur begjint mei in wol hiel jonge seleksje oan it earedivyzje-aventoer. Komt it wol goed yn Ljouwert? We litte ús byprate oer de nije spulrigels troch in saakkundige én dogge foarsizzings yn de Nostradamus Cup!
    58 min
  • #348: De pearels fan masterscouts Anker en Anker, Cambuur sit op it 'vinkentouw' en Arne Slot assistint-trainer by Hearrenfean?
    De lêste ôflevering fan de Sportcast foar de simmerstop stiet yn it ramt fan fleurich de simmer yngean. En dus skoot tradysjoneel it yllustere advokateduo Wim en Hans Anker oan. Neist seizoenkaarthâlder by Sportklup Hearrenfean binne se ek grut leafhawwer fan de earste divyzje. Dêr rinne pearels rûn, dy't beide bruorren mar al te graach ûnder de oandacht bringe wolle fan technysk manager Johan Hansma. De Sportcast is werom op moandei 3 augustus, krekt foar it earedivyzjeseizoen úteinset. Oant dan!
    58 min
  • #347: De Grutte Namedropping Show mei Johan Hansma
    It seizoen sit der no ek op foar Sportklup Hearrenfean. De klup dy't harren útskeakele, FC Utrecht, wol de bêste spiler fan de Feansters keapje. Technysk manager Johan Hansma fan Hearrenfean fertelt yn de Sportcast dat de oanbieding fanút de Domstêd ôfwimpele is. It koe wolris in drokke simmer wurde foar Hansma, om't der in soad spilers fan Hearrenfean fuort gean kinne. En dus moatte der dan ek ferfangers helle wurde. De iene nei de oare namme fan in potinsjele nije spilers passearret de revu. En wat te tinken fan SC Cambuur, dêr't ek hast in hiel alvetal ferfong wurde moat. 
    59 min
  • #346: Moat Hearrenfean de finale fan de play-offs boykotsje? Fyftjin nije spilers foar Cambuur en fan gersmaster nei badmaster
    As Sportklup Hearrenfean de finale fan de play-offs om Europeesk fuotbal hellet en it dêryn tsjin Ajax spilet, meie der gjin Fryske supporters mei. Moatte de Feansters dy wedstriid boykotsje? Ald-fuotballer Geert Jelle de Vries hat der wol in oplossing foar. De Vries foarsjocht fierder in drokke simmer foar Lars Lambooij, de technysk manager fan SC Cambuur. Der moatte fyftjin nije spilers helle wurde, is de fisy yn de Sportcast. Fierder giet it oer de posysje fan Henk de Jong, it wetterballet by Hearrenfean-Ajax en is skridend ynsjoch de manlju net frjemd.
    1 hr
  • #345: Wa is Johan Plat?, The American Dream en in 'lachwekkende' oanbieding foar Mark Diemers
    Luuk Brouwers is oanfierder fan Sportklup Hearrenfean, Jort van der Sande spits by SC Cambuur. De Noard-Brabanners binne al mear as tsien jier goed befreone en skowe beiden oan yn de Sportcast. Mei 'Luuk Levert' en 'Radio Van der Sanden' giet in oere samar foarby. Se ha in miening. Oft it no giet oer de fakkels by NAC Breda-Hearrenfean ("Schandalig"), oer de oanbieding dy't Mark Diemers krige ("Lachwekkend") of de status fan Btrouwers as reservespiler ("Een vervelend seizoen").
    1 hr
  • #344: In primeur fan Kian Visser, ekstra wurdearring foar Hearrenfean en hie Buma wol of net speeche moatten by de huldiging?
    Kian Visser wie de gangmakker by de grutte huldiging fan SC Cambuur yn Ljouwert. Mei it oanskowen yn de Sportcast komt foar him nóch in dream út. Hy hat nijs oer syn takomst, want syn profkarriêre krijt mooglik in ferfolch by in oare klup.  Fierder giet it oer Sportklup Hearrenfean, dat twa wedstriden foar de ein al wis is fan dielname oan de play-offs. En dêr mei bêst wat ekstra wurdearring tsjinoer stean. En hie boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert, dy't net al te populêr is by in diel fan de Cambuurfans, no wol of net speeche moatten by de huldiging?
    58 min
  • #343: Linday rekkenet ôf mei it narjen fan Veldman, de syktocht nei in nije haadsponsor en moat it útfak fan Cambuur op 'e skeppe?
    Marcus Linday heart al wiken by de útblinkers fan Sportklup Hearrenfean. Ofrûne sneon bekroane er de goeie perioade mei de winnende goal tsjin Fortuna Sittard. Ta bliidskip fan mei-haadsponsor Sytse Brouwer, dy't te gast is yn de Sportcast en sjocht dat syn klup tagroeit nei de play-off-foarm. Ek giet it oer de syktocht nei in nije haadsponsor, want Bouwer en syn kompanen fan 'Wolkom' hâlde der nei dit seizoen mei op. Troch de misdragings fan de fans lei der freed in skaad oer it ôfskied fan Henk de Jong by SC Cambuur. Moat de klup it útfak better ôfskermje, om fjoerwurksmiten tsjin te gean? En de technyske stêf fan de Ljouwerters wurdt wol hiel grut, no't der mei Dennis Reus nóch in assistint-trainer fêstlein is. Dat en noch folle mear yn in nagelnije Sportcast.
    1 hr
  • #342: Kees van Wonderen oer syn ferline by Hearrenfean en syn takomst by Feyenoord, belje mei Milan van Ewijk en de huldiging fan Cambuur
    Kees van Wonderen is te gast. De âld-trainer fan SC Hearrenfean praat iepen oer syn tiid yn Fryslân. En hy ferstiet noch Frysk. We bellen ek mei Milan van Ewijk, dy't ferline wike promovearre mei Coventry City nei de Premier League. En Van Wonderen fertelt oer syn petear mei Robin van Persie en Feyenoord. En we fertelle wat der allegearre te dwaan is by de huldiging fan Cambuur.
    1 hr

About Sportcast

From the publisher's feed

Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…

More shows like Sportcast

NOS Langs de Lijn Sportforum by NPO Luister / NOS

NOS Langs de Lijn Sportforum

9 Listeners

De Stemming van Vullings en De Rooy by NPO Radio 1 / NOS / EenVandaag

De Stemming van Vullings en De Rooy

114 Listeners

Voetbalpraat by ESPN NL

Voetbalpraat

33 Listeners

NOS Voetbalpodcast by NPO Luister / NOS

NOS Voetbalpodcast

65 Listeners

Radio Camataru by Radio Camataru

Radio Camataru

0 Listeners

Kick-off met Valentijn Driessen by De Telegraaf

Kick-off met Valentijn Driessen

58 Listeners

Cor Potcast by Dag en Nacht

Cor Potcast

17 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Gianni's Imperium by NPO Luister / NOS

Gianni's Imperium

3 Listeners

Omroep Abe by Leeuwarder Courant

Omroep Abe

0 Listeners

Hertenkamp by Leeuwarder Courant

Hertenkamp

0 Listeners

Weer een dag by Marcel van Roosmalen & Gijs Groenteman / Meer van dit

Weer een dag

23 Listeners

Radio Ramkraak by LC & DVHN

Radio Ramkraak

3 Listeners

KieftJansenEgmondGijp by KieftJansenEgmondGijp

KieftJansenEgmondGijp

67 Listeners

Groeten uit Grolloo by Johan Derksen

Groeten uit Grolloo

9 Listeners