It is it jier fan de trochbraak fan keeper Bernt Klaverboer by Sportklup Hearrenfean. Hy fertelt yn de Sportcast dat hy Europeesk fuotbal helje wol mei syn klup. Fierder giet it oer de ambysjes fan de jonge Ketliker keeper, oer it boskje blommen fan Jort van der Sande en de nije trainer fan Cambuur.
It fuotbal fan Sportklup Hearrenfean hat de ôfrûne jierren net sa goed west as no. En dus giet klupikoan Foppe de Haan wer mei wille nei it Abe Lenstra Stadion. Mar dat is net de iennige reden. De âld-trainer fan de Feansters is te gast en hy hat ek wol in tip foar Cambuurtrainer Henk de Jong, dy't nei dit seizoen fierder giet as assistint-trainer. En hoe sit it mei dat ferhaal dat De Haan ris meimakke, dat in besprekking mei spilers útsteld waard fanwege 'Goede Tijden Slechte Tijden'?
Henk de Jong hâldt nei dit seizoen op as haadtrainer fan SC Cambuur. Dat makket hy bekend yn in ekstra ôflevering fan de Sportcast. Tiisdei promovearre er foar de tredde kear mei de Ljouwerters nei de earedivyzje. En dus hâldt De Jong wat dat oanbelanget op it hichtepunt op.
Sportklup Hearrenfean pakte mei dank oan in geweldige goal fan Ringo Meerveld in punt tsjin NEC en Cambuur seach troch in nederlaach de earste promoasjekansen yn reek op gean. En dat net allinnich, der wie in soad dwaan rûn skiedsrjochter Wouter Wiersma. Te gast is Doke Schmidt.
Sportklup Hearrenfean is yn bloedfoarm, mei fiif oerwinnings út de lêste seis wedstriden. In haadrol is dêrby weilein foar Joris van Overeem. Moat bûnscoach Ronald Koeman him selektearje foar it Nederlânsk alvetal? Fierder reint it primeurs yn dizze ôflevering, ûnder oare oer Oscar Sjöstrand en Maxence Rivera. En âld-Cambuurspiler Michael Breij wie freed as spiler fan Roda JC foar it earst yn it Kooi Stadion. Wat fûn hy fan de weromkear by syn âlde klup?
Algemien direkteur Ferry de Haan fan Sportklup Hearrenfean hoecht him noch altyd net te ferfelen. Der moat in nije haadsponsor komme, in nij trainingskompleks en de hier fan it Abe Lenstra Stadion moat omleech brocht wurde. Hy jout in update oer de stân fan saken. Mar it giet ek oer in swimbroek op Malta, de mem fan Anthony Lurling en in huldiging fan Cambuur by de Aldehou. Want sportferslachjouwer Geert van Tuinen ferklapt wannear't dy wêze sil.
René van der Weij is te gast yn de Sportcast. De âld-Cambuur-fuotballer en trainer fan HHC Hardenberg folget Cambuur op de foet. Is Cambuur al yn maart promovearre? Hoe slim is de blessuere fan Mark Diemers? En hoe giet it by Hearrenfean? Moat Luuk Brouwers spylje? En wie Hearrenfean no goed of matich tsjin Sparta?
It is in histoaryske ôflevering fan de Sportcast. Want foar it earst yn 333 ôfleverings sit der in frou oan tafel! En it is net samar in frou, nee, it is rekôrynternasjonal Sherida Spitse! De Snitser gie de ôfrûne jierren troch in djip dal. Dêroer fertelt se wiidweidich. Krekt as oer har ambysjes. Want wurdt se no trainer of technysk direkteur? En we ha in echte spitsediskusje, mar dan by Sportklup Hearrenfean en by SC Cambuur.
Yn de Sportcast belje we mei Michel Vlap. Hy fuotballet yn Katar. Te gast is NOS-kommentator Jan Vincent van Zuiden. Hy joech kommentaar by Hearrenfean-PEC Zwolle en hy fynt dat Hearrenfean in karakterploech hat.
Wa is de beste spits oait fan SC Cambuur? Ald-fuotballer Sandor van der Heide skoot oan yn de Sportcast en hoecht net hiel lang nei te tinken oer dy fraach. En moatte we ús soargen meitsje oer Sportklup Hearrenfean? It komt net goed út 'e winterstop en ferlear trije fan de lêste fjouwer kompetysjewedstriden. Van der Heide leit út wêrom't dy soargen net nedich binne. Yn Ljouwert moat fêst ek mei in skean each nei takom seizoen sjoen wurde. Want wa moat de opfolger wurde fan Ard de Graaf as algemien direkteur? En hokker spilers kinne bliuwe by promoasje nei de earedivyzje?
57 min
About Sportcast
From the publisher's feed
Yn de SportCast prate de sportferslachjouwers fan Omrop Fryslân dy by oer it betelle fuotbal yn Fryslân. Alles oer sc Hearrenfean en SC Cambuur wurdt troch ús fêste sportploech behannele. De SportCast…