De herinnering oan Jente en Jitze, twa jonkjes fan Peter en Tjitske Hylkema út Drylts, moat libben bliuwe. Tjitske fertroude dêrom it ferhaal fan beide bern oan it papier ta. It is ien fan de tolve ferhalen yn it boek 'Wij zijn nooit voorbij' dêr't âlders yn beskriuwe hoe't se har bern ferlern hawwe en wat dat mei harren docht. Jitze hat in seldsume stofwikselingssykte. Hy is, wrâldwiid sjoen de earste dy't dizze sykte hat. Hy moat hieltyd mear ynleverje op motorysk gebiet. In prognoaze is der net, want der is gjin ûnderfining mei dizze sykte. Tjitske fertelt yn dizze podcast oer har deaberne berntsje Jente en oer Jitze. Wat foar jonkje it wie, hoe't harren libben mei in berntsje mei in beheining der út seach en hoe't Jitze harren gesin riker makke troch syn wize fan omgean mei de sykte.