Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Üt it libben: Maaike van Dijk
    Sy wie in wrotter, sy wie altyd oan it bealgjen. Maaike van Dijk fan Koarnwert libbe mear as 60 jier op it plak dêr't se ek ferstoar, op Boeyenkamp. It wie in pleats op 'e romte, ûnder de reek fan Makkum. Op har 19e kaam Van Dijk der mei har man Ate op de buorkerij, dêr't se de kij tegearre melke soene. Letter waard de pleats omboud ta maneezje. Dat is it no noch altyd. Mar sûnder Maaike. Sy ferstoar op 10 novimber 2023.   Mei dochters Swaen en Gerlanda, beppesizzer Friso en meiwurker Jantine makken we in  Yn Memoriam fan dizze bisûndere frou.
    26 min
  • It nijsfoarum mei Lutz Jacobi, Maarten Goudzwaard en Danny van der Weijde
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Lutz Jacobi, de skiedend direkteur fan de Waadferiening, Danny van der Weijde, listlûker en fraksjefoarsitter fan D'66 en Maarten Goudzwaard, listlûker en fraksjefoarsitter fan JA21. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de it waadgebiet, de oankommende ferkiezingen en Holwert oan see. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
    49 min
  • Nijsfoarum 29 jannewaris 2023
    De podcast me it nijsfoarum fan Buro de Vries hat it oer Piet Adema, fertrouwen yn Europa en op Skylge.  Mei Femke Wiersma, sy is de kandidaat deputearre foar de BBB. Friso Douwstra, hy is listlûker foar it CDA en no noch deputearre en Ina Sjerps. Sy is boargemaster fan Harns.
    44 min
  • It nijsfoarum mei Mirka Antolovic, Jenny Douwes en Arjen Mintjes
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Mirka Antolovic, direkteur fan antydiskriminaasjeburo Tûmba en PvdA riedslid yn Ljouwert, Jenny Douwes, ûndernimmer yn in mannewrâld en Arjen Mintjes, direkteur fan de maritime akademy yn Harns.  De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de taname fan de ynset fan de KNRM, wol of net in landelik fjoerwurkferbod, sanksjes tsjin Iran, de opfang fan flechtlingen, Fryske foarnammen en de problemen mei de A7 tusken de Jouwer en Snits. 
    38 min
  • Piet en Helma Adema: "Famyljebelang offerje wy net op foar ministersfunksje"
    "As myn pakesizzers 'belaagd' wurde om it wurk dat ik doch, dan is de grins berikt." Dat seit Lânbouminister Piet Adema yn in lang petear dat it radioprogramma Buro de Vries mei him en syn frou Helma hie. "As de bernsbern op it skoalplein lêst krije fan it feit dat harren pake Lânbouminister is, dan is de grins berikt. It famyljebelang offerje wy net op foar myn funksje." Wisse wurden fan in man dy't nei it opstappen fan foargonger en partijgenoat Henk Staghouwer yn byld kaam as de nije ChristenUnie-minister op it drege lânboudossier.
    52 min
  • It nijsfoarum mei Jan-Willem Tuininga, Mariëlle Nijland en Joyce Walstra
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Jan-Willem Tuininga, gemeenteriedslid foar de FNP yn Ljouwert, Mariëlle Nijland dy't har ynset foar de dupearre âlders yn de taslaggeaffêre en Joyce Walstra fan MKB Noord. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de ferûnderstelde meineed by de parlementaire enkête oer de taslaggeaffêre, de leaneask fan mear as 14% dy't it FNV wol om de keapkrêft op peil te hâlden, de ynfiering fan it Diftar ôffalskiedingssysteem yn de gemeente Ljouwert en wol of net ekskuses oanbiede foar ús slavernijferline. It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
    44 min
  • Jan Bakker, "Jan PSP" en syn striid foar Ingelum
    'Jan PSP', sa waard er neamd yn it doarp. Op 21 septimber kaam Jan Bakker op 88-jierrige leeftiid te ferstjerren yn in fersoargingshûs yn Boalsert. Buro de Vries bringt syn ferhaal yn de rige 'Ut it Libben'. Dat er 'Jan PSP' neamd waard, is gjin wûnder, want fan 1962 oant 1974 siet Bakker foar de Pacifistisch-Socialistische Partij (PSP) yn de rie fan Menameradiel. Op dat plak sette hy him tolve jier lang yn foar syn politike idealen, mar ek foar syn doarp Ingelum. Jan Bakker wie boer en hie syn boerespultsje krekt bûten it doarp. Altyd wie er yn it spier foar it doarp en syn ynwenners en dêr stuts er in soad tiid yn.
    25 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners