Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Stroffelstiennen yn Harns: de ferhalen oer joadske minsken dy't deportearre waarden yn WO
    Ieske van Nico van Pietsje van Sakkie en al die anderen. It is de titel fan in boekje oer joadske minsken yn Harns dy't deportearre waarden yn de Twadde Wrâldoarloch. It boekje is skreaun troch 4 minsken. Hans Burkels, Chris Elsinga, Anneke Visser en Willem Visser.De 4 binne ek de inisjatyfnimmers foar de stroffelstiennen yn de stêd. Yn 2012 waarden dy pleatst. It buro die in stedstocht troch de havenstêd. Mei ferhalen oer de minsken. We treffe ek twa neibesteanden. Leo Leidesdorff. Soan fan de iennige joad út Harns dy't de holocaust oerlibbe. En Arjen Miedema, syn beppe oerlibbe it ek mar de rest fan de femylje waard fermoarde.
    48 min
  • Ut it Libben: Gryt van Duinen
    Ald kollega en Omrop koryfee Gryt van Duinen is ferstoarn op 72 jierrige leeftiid. Gryt van Duinen is in begryp yn Fryslân. Se is foaral bekend wurden troch har wurk by earst de RONO, doe Radio Fryslân en dêrnei Omrop Fryslân. Dêrnjonken wie se ek hiel aktyf: se siet yn de steaten foar de PvdA, se is de betinker fan de grutte Friezereüny yn it jier 2000, se siet yn it bestjoer fan it Frysk festival en Tryater, en se sette har yn foar it pontsje by Keimpetille. Mar yn de no folgjende reportaazje giet it om har wurk foar de radio en tillefyzje. Ald kollega Geart de Vries en Geartsje de Vries helje herinneringen op, mei help fan argyfmateriaal.
    22 min
  • Herman Hermans: 74 jier en dosint Latyn
    Hy is âld fise-presidint fan it gerjochtshôf fan Ljouwert en Amsterdam en hy wie ek doctor of philosophy in classical languages and literature oan de universiteit fan Oxford. No jout er op 74-jierrige leeftiid les oan learlingen fan it kristelik gymnasium yn Ljouwert: Herman Hermans fan Mantgum. Buro de Vries wie by him yn'e les. 
    16 min
  • It nijsfoarum mei Rieks Osinga, Dinie Visser en Auke Talsma
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei bestjoerskundige Rieks Osinga, Dinie Visser (nûmer 2 fan de FNP) en Auke Talsma (nûmer 2 fan de BBB). De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Simone Scheffer oer de Steateferkiezingen en de politike ierdferskowing dy't de útslach feroarsake hat. Fansels komt it stikstofprobleem oan 'e oarder, mar it giet ek oer oare saken as stikstof. Want hoe tinkt de BBB oer Lelyline? Wentebou? En earmoede? It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
    39 min
  • Hanna Stolk rint fêst yn de psychiatry: in helphûn soe har bot helpe
    Hanna Stolk hat komplekse PTSS en se is autistysk. Se kin eins nearne te plak. In helphûn soe foar har in oplossing wêze om wer in bytsje libje te kinnen. Al in heal jier wennet Stolk út Noardwâlde op in sletten psychiatryske ôfdieling fan de GGZ op It Hearrenfean. Net omdat it moat, mar omdat der gjin goed plak is foar har yn in wenfoarm mei de goede help en begelieding. Dat probleem komt folle mear foar. Faak bliuwt it ûnder de radar. Stolk wol dat it probleem ûnder de oandacht komt. Yn dizze podcast it ferhaal fan Hanna.
    21 min
  • Wetterskipsdebat: gjin echte brekpunten
    Der binne gjin echte brekpunten by de fiif partijen dy't meidiene oan it debat oer de wetterskipsferkiezingen yn it radioprogramma Buro de Vries. De listlûkers fan CDA, Water Natuurlijk, PvdA, FNP en VVD giene meiinoar yn debat oan de hân fan stellingen. Sa is der bygelyks praten oer it swimwetter: hoe skjin moat dat wêze? en ek oer it prinsipe: de fersmoarger betellet, Fierder kaam fansels it wetterpeil op it aljemint, want dêr ferskille de mieningen oer. 
    48 min
  • Der is wat te kiezen by de wetterskipsferkiezings
    Njonken ferkiezingen foar de Provinsjale Steaten binne der woansdei wetterskipsferkiezingen. Ek dêr falt genôch te kiezen. Der dogge alve partijen mei, foar in grut part besteande politike partijen, mar ek guon dy't spesifyk rjochte binne op it wetterskip.  Peter Vonk (Algemene Waterpartij) en Nynke Koopmans (BVNL) troffen inoar by Earnewâld, dêr't it fansels gie oer de feangreide. Ronnie Koop (Partij voor de Dieren) en Alice van Gosliga (BoerBurgerBeweging) keazen Swarte Haan as lokaasje. De RWZI Drachten (rioelwettersuveringsynstallaasje) wie it moetingspunt foar Otto van der Galiën (Lagere Lasten Burger) en Egbert Berenst (ChristenUnie). René Koster praat mei harren oer harren stânpunten.
    38 min
  • Pesterij kin fier gean, wit Sjouke Kuindersma, dy't it ferhaal fan syn soan dielde
    Peste is in probleem dat âlden holbrekken opsmyt. It makket fertriet en machteleazens los, wit ek Sjouke Kuindersma fan De Jouwer. Hy dielde it ferhaal fan syn no 16-jierrige soan, dy't ek narre waard, en krige in floed oan reaksjes. As lyts jonkje waard hy der al faak troch pestkoppen útpikt. Uteinlik rûn it de spuigatten út en heit besleat om syn soan te helpen. Mar hoe? Hy tocht der in pear dagen oer nei, naam in wurkdei frij en besleat mei de âlden fan de jonges te praten. Hy dielde syn ferhaal op facebook en krige in floed oan reäksjes.Yn dizze podcast fertelt Kuindersma oer de pesterij en wat er der oan dien hat.
    18 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners