Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • It libbensferhaal fan Henk Gemser
    "Noait ôfhinkelik fan in oar wêze en myn eigen paad kieze. Altyd sels de rezjy hâlde" Dat is de opdracht dy't Henk Gemser himsels jûch doe't hy noch jong wie en it hûs útgie. Gemser waard in tige suksesfol reedrydcoach. De widze fan Henk Gemser stie yn 1940 yn Berltsum. Mar oan Frjentsjer hat hy syn jeugdherinnerings. Doe't de lytse Henk 7 jier wie, twa jier nei de oarloch ferhuze it gesin Gemser nei de Hertog van Saxenlaan. As soan fan in gimmestykleraar waard Henk ek tige sportyf. Om letter tige suksesfol reedrydcoach te wurden. It ferhaal fan Gemser yn dizze podcast.
    1 hr 22 min
  • It libbensferhaal fan Grietine Molenbuur
    Klazina Hofstee giet mei har werom nei Eastrum, it doarp dêr't se hikke en tein is. It petear giet oer Grietine har jeugd, it ferlies fan har broerke en suske. Oer har jierren as topsporter yn turnjen, en letter ritmyske gymnastyk. En hoe't se har wiere pasje fûn yn dûnsjen. Grietine is de oprjochtster fan de Jeugd Dans Opleiding en fan de dûnsoplieding foar MBO. Mar har libbenswurk is dûnsgroep Duende.
    53 min
  • It libbensferhaal fan Jan Ploeg
      Jan Ploeg waard yn 1948 berne yn De Bilt by Utrecht. Syn heit wie dêr nei de oarloch te lâne kaam as plysje-adminstrateur op it gemeentehûs. Om't syn mem in heupôfwiking hie en 'mank rûn', moast se geregeld lang fan hûs foar bygelyks operaasjes of revalidaasje yn Beetstersweach by de Cornelia Stifting. Gefolch wie dat de bern faak út fan hûs moasten by de famylje en dêr dus ek foar in part opgroeiden. Lytse Jan wie dêrom geregeld yn Bûtenpost te finen. By de wat deftige Oma Ploeg, mar ek by de ûndernimmende famylje Dijkstra dy't yn it doarp in brânstof- en foeraazjehannel hiene. "Dat wie geweldich avontoerlik! Altyd wie der wat te beleven of te boartsjen op de souder fan de oplsachloadsen of yn it ûnderdûkershol yn it wenhûs. "Thús wie nea in fêst honk, ek om't heit fanwege fakbûnswurk in soad fuort wie. De famyljes Ploeg, Dijkstra en Pilat yn de regio Bûtenpost/Surhústerfean wiene dat wol. Eins wie dat it bêste wat my oerkomme koe, mei al dy neefkes en nichten. Ik wit dat myn suster it der wol dreech mei hie om altyd mar wer 'útbesteed' te wurden, mar ik dêr gjin lêst fan. Alhoewol ik soms oerkom as resoluut en ambitieus, bin betiden dochs bûtengewoan sentimentiel, hear. Ik fyn it moai dat jo earne by hearre."
    53 min
  • It libbensferhaal fan Johan Veenstra
    De yntusken 77-jierrige skriuwer Johan Veenstra neamt iensumens as in reade tried yn syn libben. Dochs hat er mei goed 3.200 optredens hiel wat minsken in noflike jûn besoarge. "Nee, ik hebbe niet stillezeten."
    1 hr 4 min
  • It libbensferhaal fan Johanneke Liemburg
    De widze fan Johanneke Liemburg stie yn 1952 op'e Gordyk, yn it earme súdeasten fan ús provinsje. Se groeide op yn in gesin mei in stille mem en in folle sosjalere heit. Nei de HBS gie se oan it wurk by de Drachtster krante en letter de Ljouwerter krante. Mar nei trije jier hie se ferlet om mear kennis op te dwaan en se gie nei Amsterdam foar in stúdzje politikology. Yn dy tiid wie Liemburg in linkse aktiviste dy't regelmjittich op de barrikaden stie en in grut ideaal hie: de wrâld ferbetterje. Se rôle eins by tafal de polityk yn en sleat har karriêre ôf as boargemaster fan de gemeente Littenseradiel. It skriuwen luts lykwols ek altyd en ûnderwilens binne al twa biografiën fan har hân ferskynd. It libbensferhaal fan Liemburg is te hearren yn ús programma Buro de Vries.
    1 hr 9 min
  • It libbensferhaal fan Wio Joustra
    De widze fan Wio Joustra stie op noch gjin 100 meter fan it Sjûkelân yn Frjentsjer. Joustra waard letter sjoernalist foar de Volkskrant en (ynterim) haadredakteur by de Ljouwerter Krante. Hy wenne yn Australie en London, mar Frjentsjer bliuwt dochs altyd lûken. In goeie keatser waard hy net, mar oer syn karriere as sjoernalist seit hy dat hy dêr wol it measte úthelle hat. It libbensferhaal fan Joustra is te hearren yn ús programma Buro de Vries.
    1 hr 19 min
  • It libbensferhaal fan Freark Smink
    It libbensferhaal fan Freark Smink. Klazina Hofstee giet mei him werom nei Sondel, it doarp dêr't hy hikke en tein is. It petear giet oer syn jonge jierren, de muoisume relaasje mei syn heit, syn posysje yn it gesin, it grutte fertriet doe't syn jongere broerke om it libben kaam en de karriêre as skoalmaster en letter akteur. 
    53 min
  • It libbensferhaal fan Roel Oostra
    Yn Buro de Vries in lang petear mei Roel Oostra oer syn libben. Oostra is 102 jier en jierrenlang in fêst lûd op de radio as hy fertelde oer in bysûndere foarstelling. De sin "Net stinne, mar hinne" is bekend wurden troch him. Oostra hat lang direkteur west fan teäter de Lawei yn Drachten. 
    51 min
  • It libbensferhaal fan Foppe de Haan
    Yn Buro de Vries in lang petear mei Foppe de Haan oer syn libben. We sjogge by syn bertehûs yn Lippenhuzen, prate oer syn jeugd en it libben. Fansels oer fuotbal, mar ek oer it gesin en oare wichtige saken yn syn libben.
    1 hr 30 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners