Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Romke Toering seach de dea yn eagen en begûn te skriuwen
    Wat dochst ast te hearren krije datst opjûn bist troch de medisy en dyn tiid op dizze wrâld oan de ein komt... Skriuwer, akteur en regisseur Romke Toering krige swiere hertproblemen, seach de dea yn eagen, en pakte de pinne op. Hy begûn te skriuwen oer syn jonge jierren yn Easterlittens. Romke wie foar syn hertproblemen al begûn mei in boek oer syn jeugdjierren yn Easterlittens en dêr gie er mei fierder. Net wittende as hy noch libje soe as it boek útjûn waard. It boek stiet fol mei koarte en langere ferhaaltsjes: fersferhaaltsjes, sa neamt Toering se.
    13 min
  • Draachmem Christa fynt it prachtich om te sjen hoe't Bastiaan en Sander heit wurden binne, mei troch har help
    Bastiaan en Sander binne tige lokkich mei lytse Maeson. It stel is al fiif jier troud en hie in grutte bernewinsk mar dat giet net sa makkelik. Nei in twadde oprop op Facebook kamen se yn kontakt mei Christa dy't wol draachmem wêze woe foar har. It klikte en trije moanne nei de oprop op Facebook wie Christa yn ferwachting fan in jonkje. Maeson is berne op 21 oktober 2023 en sa sûn as in fisk. Christa, Bastiaan en Sander sjogge mei grutskens en bliidskip werom op it hiele trajekt. Yn dizze podcast moetsje wy Christa, Bastiaan en Sander as Christa goed acht moannen swier is en nei de berte fan Maeson moetsje wy har nochris.  
    27 min
  • Fleur vd Bij skriuwt biografy oer 'Loesje'
    "Wy wiene de earste en iennige wyldplakkers yn Tsjalbert" laket Fleur van der Bij as se fertelt oer har konneksje mei 'Loesje'. It fleurige, eigewize en positive posterfamke is berne yn 1983, doe't it aktivisme yn Nederlân heechtij fierde. Fjirtich jier letter ferskynt de biografy, skreaun troch Fleur van der Bij, dy't tsjintwurdich yn Grins wennet. "Yn de jierren '80 wiene der in soad demonstraasjes en aksjes. Mar alles wie negatyf: 'Weg met de bom', 'stop kernenergie', 'nee tegen kruisrakketten'... In groep aksjefierders yn Arnhem betocht oan de keukentafel fan har wengroep dat it oars moast. Dat it positiver moast". Dat betjut de berte fan Loesje en al gau binne de posters mei spreuken as Leven is het meervoud van lef, Aan het eind van m'n zakgeld houd ik altijd een stuk maand over en Tip: stem op een idee niet op een premier troch hiel Nederlân te finen. Ek yn Tsjalbert, dêr't Fleur en har freondinne mei posters en behangplaksel oan'e slach gean. Yn dizze podcast giet Geartsje de Vries mei Fleur van der Bij werom nei Tsjalbert dêr't har fassinaasje foar Loesje begûn.
    16 min
  • Yn de reade brievebus oan de ein fan de Súderpier yn Harns sit altyd post
    Hielendal oan de ein fan de Súderpier yn Harns stiet in reade brievebus mei de namme 'Gedachten aan zee'. Trije-en-in-heal jier lyn is dizze brievebus hjir delset mei it idee dat minsken harren gedachten, gedichten, leafdesbrieven en tekeningen deryn kwyt kinne. Dat wurdt manmachtich dien: sa'n trijehûndert brieven wurde der yn in jier stoarten. It idee fan de reade brievebus komt fan Boukje Grandke. It foel har op dat minsken faak nei de ein fan de pier rinne en dan stoarje en mimerje oer de see. Sy krige it idee dat minsken dy tinzen efterlitte kinne op de pier yn in reade brievebus. Dat wie it begjin fan 'Gedachten aan Zee'.
    12 min
  • It nijsfoarum mei Albert van Keimpema, Hendrik van Doezum en Onno Falkena
    It nijsfoarum fan Buro de Vries mei Albert van Keimpema, riedslid foar de burgerpartij yn de Fryske Marren en âld-Unifil militêr yn Libanon, Onno Falkena sjoernalist by Omrop Fryslân mei û.o. minderheidstalen en polityk yn syn portefúlje en Hendrik Atze van Doezum, skiednisdosint op it Lauwerskolleezje yn Bûtenpost en ferline jier ferkeazen ta skiednisdosint fan it jier 2022. De trije foarumleden prate ûnder lieding fan Geartsje de Vries oer de oarloch yn Israël en de Palestynske gebieten, de bestjoersôfspraak Frysk, it klimaat en de foarsizzingen fan it KNMI en noch efkes koart oer Cambuur.  It nijsfoarum wurdt foarôfgien troch it wikeoersjoch.
    47 min
  • Fleisferfangersfebryk
    Der waard fjouwer jier lyn nuver opsjoen doe't fleisbedriuw Vion bekendmakke de nagelnije Ljouwerter slachterij om te bouwen ta in fabryk foar fleisferfangers. Mar yntusken leveret it oan alle grutte supermerken yn ús lân. It fabryk draait goed, fertelt algemien direkteur Willem Cranenbroek. It bedriuw, dat wurket ûnder de namme ME-AT, makket noch altyd diel út fan Vion, ien fan de grutste fleisferwurkers fan ús lân. Dêr sjogge se noch folop kânsen foar de alternativen foar fleis. Ek no't de groei der op de Nederlânske merk wat út is.
    18 min
  • Weggegumd, it ferhaal fan Ilse Wagner
    Skriuwster Janny van der Molen fan De Knipe hat de ôfrûne jierren yngeand socht nei it Joadske famke Ilse Wagner. Sy wie in freondintsje fan Anne Frank. De syktocht is fêstlein yn de podcast 'Weggegumd'. Foar har boek 'Vergeet mij niet' ferdjippe Van der Molen har yn de libbens fan de freonen en freondinnen fan Frank. Yn har deiboek waard de namme Ilse Wagner al op de earste siden neamd.
    17 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners