Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Harsenskea en útbehannele? Rosanna, Annemarie en Dionne leine har der net by del
    We stean der net sa faak by stil, mar ien op de fjouwer Nederlanners hat in harsenoandwaning. Dit docht bliken út ûndersyk fan it RIVM yn opdracht fan de Hersenstichting. In refalidaasjebehanneling binnen de reguliere medyske soarch kin der net altyd foar soargje dat je wer hielendal better wurde. Mar der binne mear mooglikheden as ergoterapy en fysioterapy. Johanna Brinkman praat mei trije jonge froulju dy't oare metoades fûn ha om te werstellen fan harsenletsel.
    18 min
  • Ferburgen Fryslân
    Skriuwer Willem Schoorstra strúnt al in pear jier Fryslân en omlizzende gebeiten ôf nei spoaren út de âldhyd, faak mei in religieuze of spiritiuele ynslach. Sa fûn hy napkestiennen op tsjerkhôven, fergetten lykpaden dwers troch it lânskip, nammestiennen mei spirituele symboalen en noch folle mear. De bedoeling is dat der ein dit jier in fotoboek fan ferskynt. Neffens Schoorstra fertelle syn fynsten it ferhaal fan de gewoane minsken yn de ôfrune millennia.
    22 min
  • De mummys fan Wiuwert
    De mummies fan Wiuwert. Se lizze der al ieuwen, mar soms komme se wer even yn it nijs, lykas koartlyn: kulturiel ûndersykster Pieta van Beek fynt dat de steat fan de mummys efterút giet. It Buro freget him ôf hoe't it ek alwer sit mei dy mummies, ek wol it wûnder fan Wiuwert neamd. Wannear binne se foar it earst ûntdutsen en wa lizze der yn dy grêfkisten. Klazina Hofstee daalt mei gids Stephan Kurpershoek ôf yn de mysteriueze grêfkelder fan Wiuwert...
    20 min
  • De nije útdagings fan Jan Vermaning
    Musicus Jan Vermaning fan De Jouwer is nei 35 jier opholden as trompettist by it NNO (Noord Nederlands Orkest). Nei it oerlibjen fan in hertstilsân fan 8 minuten yn 2016 kaam syn libben yn in oar perspektyf te stean. Hy docht it net rêstiger oan, mar set syn enerzjy op oare plakken yn. Hoe, wêr en wêrom fertelt er yn Buro de Vries.
    30 min
  • Rine Palsma skriuwt oer hat ferbjusterjende famyljeskiednis "Ode aan een klootzak"
    It is in boektitel dy't opfalt troch de tsjinstridichheid dy't der yn sit: "Ode aan een klootzak". It is skreaun troch Rine Palsma, dy't yn Limboarch wennet, mar de earste tolve jier fan har libben yn Ljouwert wenne. De 'klootzak' út de titel is har heit en Rine beskriuwt dan ek har famyljeskiednis. Har heit wie natuerkundedosint oan it stedelijk gymnasium yn Ljouwert. Har biologyske mem ferstjert as se oardel jier is en har heit trout mei in frou út Limboarch. Foar de bûtenwrâld liket it allegear geweldich, mar achter de foardoar is it ellinde. It Buro giet mei Rine werom nei de de Ljouwerter wyk Bilgaard, nei it hûs dêr't se har bernetiid trochbrocht.
    24 min
  • QR-koades bringe begraafplakken ta libben
    Mei QR-koades fia de mobile tillefoan de lokale skiednis tagonklik meitsje, dat besiket de stifting efter de begraafplakken fan Easterwâlde en De Fochtel. Dat projekt is sa suksesfol dat it sels nominearre is foar de lanlike priis foar funerêr erfguod: "De Gouden Terebinth". It Buro makke in ôfspraak mei stiftingsfoarsitter Jan Koops...
    19 min
  • Bearn Bilker skriuwt in biografy oer it fenomeen Zelle
    Jierren hat er der mei dwaande west mar no is it boek dan einliks klear: Bearn Bilker syn biografy oer de markante dûmny Johannes Hendrikus Zelle, ferstoarn yn 1983. Zelle stie bekind om syn kleurrike preken, somtiden preke er wol 5 kear op in snein, troch hiel Fryslân en Nederlân. Alle grifformearden koene him dan ek. En alle grifformearden kenne wol in núveraardich ferhaal oer Zelle. Bygelyks oer dat er delkaam te iten, en dan de hiele panne leech iet. Zelle wie in man fan kontrasten, nuânse wie him frjemd. De biografy hjit dan ek "Een tussenweg is er niet". Klazina Hofstee praat mei Bearn Bilker dy't noch altyd fassinearre is troch it fenomeen Zelle...
    23 min
  • Plysje Kees Bangma: de 'nationale politie' is mislearre
    Nei 47 jier nimt plysjekommissaris Cees Bangma ôfskied. Hy sjocht werom op in fariearde karriêre binnen it korps dêr't troch de jierren hinne hiel wat re-organisaasjes wiene. Bangma waard bekind yn Fryslân troch de dea fan Meindert Tjoelker. Hy wie de inisjator fan de stille tocht yn de wike neidat Tjoelker stoarn wie neidat hy op de Nijstêd yn Ljouwert mishannele wie, Yn syn 47 jierrige karriere hat hy op in hiel soad plakken yn it plysje-apparaat sitten. Al gau yn liedingjaande funksjes. Dat hie ek te krijen mei it grutte tal re-organisaasjes by de plysje. Foar de karriere fan Bangma wie it net ferkeard. En de feroarings yn de jierren 90 fynt hy noch altyd in goeie stap. De gemeenteplysjes en ryksplysje kaam by mekoar yn de Regionale plysje. Mar de foarming fan de nasjonale plysje is mislearre, fynt hy. Dy is te burokratysk en stiet te fier fan de gewoane minsken ôf. Neffens de âld kommissaris nimme systemen en protokollen de rol fan de professionals oer. Neffens him is it tefolle nasjonale plysje en is der fierstente min omtinken foar de lokale plysje. By de regionale plysje wie der in balâns, mar dy is no fuort..
    17 min
  • Hieltyd mear minsken witte it paad te finen nei Esther van der Werf. Esther is sprekker en energetysk terapeut en hat ûnder de namme 'Eigen wijze' har eigen saneamde libbensskoalle.
    Hieltyd mear minsken witte it paad te finen nei Esther van der Werf. Esther is sprekker en energetysk terapeut en hat ûnder de namme 'Eigen wijze' har eigen saneamde libbensskoalle. Mar wa is Esther, wat docht se no krekt en hoe komt it dat sa'n soad minsken stipe by har fine? Foar Buro de Vries gie René Koster op ûndersyk út.
    44 min
  • Teäterkolleezje fan Aukje Nauta oer 'bully' gedrach
    Professor doktor Aukje Nauta, hikke en tein yn Ljouwert, is ien fan de wittenskippers dy't meidocht oan in teätertour fan 'de Universiteit van Nederland". Yn teäters yn it hiele lân jouwe trije wittenskippers per kear in ynteraktyf kolleezje, allegear mei in soad humor oan elkoar praten troch comedian Fuad Hassen. Aukje Nauta studearre arbeids- en organisaasjepsychology, promovearre dêr ek op en is no bysûnder heechleraar oan de universiteit fan Leiden. Ofrûne tongersdei stie se op it poadium fan de Harmonie yn Ljouwert. Se fertelde yn tweintich minuten oer grinsoerskriedend en pesterich gedrach op de de wurkflier. It Buro frege har om dat selde kolleezje ek by ús te jaan, mar dan yn Frysk. In fraach dêr't Aukje Nauta hiel entoesjast op reagearde. Dêrom, eksklusyf foar Buro de Vries it wittenskipskolleezje "Hoe giest om mei de 'bully' (yn dysels)"
    25 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners