Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Beskieden en Frysksinnige Lys wie tige wichtich foar it ferset
    Lysbert Atsma liede in gefaarlik libben. As fersetsfrou moast se net benaud wêze. Skriuwer Hessel de Walle ljochtet har en 31 oare froulju yn it Fryske ferset út yn syn boek Vrouwen van het Friese verzet. Sy hiene in rol dy't lang ûnderbeljochte bleaun is, mar tige wichtich wie. Op it Suderbegraafplak yn Drachten leit de bysûndere grêfstien fan Lysbert Atsma, better bekend as Lys. De stien leit nêst dy fan har âlden en broer en draacht in opfallende ynskripsje: Grutter leafde as dit hat net ien dat ien syn libben weijout foar syn freonen Dizze sinnen jouwe al oan dat hjir in bysûndere frou leit. Sels wie se hiel beskieden oer har rol yn it ferset, wylst dúdlik is dat sy fan grutte wearde wie foar it ferset yn Drachten en omkriten. Sa is der in foto fan Lys mei om har hinne allegear wapene manlju fan de NBS, de Nederlandse Binnenlandse Strijdkrachten. Lys stiet sintraal yn 'e midden.
    11 min
  • Jelte is trije jier en terminaal siik. Heit en mem Hein en Sanne de Haan fertelle.
    Foar heit en mem Hein en Sanne de Haan is der in tiid foar en in tiid nei 2 jannewaris 2023. Doe krigen se de diagnose dat harren soantsje Jelte in metabole sykte hat en net âld wurde sil. Hy is no trije jier en syn oerlibbingskâns is 0%. Wat docht sa'n diagnose mei jo as heit en as mem, mei je relaasje, mei je takomstplannen... Hein en Sanne de Haan binne hjir hiel iepen oer. Se hâlde in blog by en poste op social media. It Buro socht harren op foar in yndringend petear.
    16 min
  • De wrâldreis fan Marica van der Meer
    Fytser en reisboekeskriuwster Marica van der Meer fan Warkum stapt wer op 'e fyts! Yn sa'n 800 dagen wol se fan east nei west om de ierde fytse. Fjouwer jier ferlyn wie Marica ek al begûn oan sa'n wrâldreis: doe fytste se de oare kant om. Mar nei fjirtjin moanne en 6000 kilometer troch Amearika twong it coronafirus har doe om ôf te stappen. No besiket se it op 'e nij en it wurdt in hiel oare reis: want Marica fytst diskear net allinnich: fytsmaat Chepe Ruiz fan El Salvador fytst mei har mei. Klazina Hofstee gie nei Warkum en trof Marica doe't se drok oan it pakken wie.
    14 min
  • Minsken mei gehoarproblemen witte faak net wat der allegear mooglik is...
    Lang net alle minsken mei gehoarproblemen witte dat dêr mooglik oplossings foar binne. Bygelyks om't se net bekend binne mei nije technyske mooglikheden, of om't in besteand apparaat net goed ynregele of ôfsteld is. 'Hoor Mij' is de de lanlike feriening foar slechthorenden en sûnt koart hat ek Fryslân wer in eigen ôfdieling. It Buro gie yn Snits op de kofje by de famyljes Huisman en Roeleveld dy't har dêr foar ynsette...
    10 min
  • Wim de Vrij fertelt oer 300 jier Johannes Passion
    It is hjoed Palmsnein, it begjin fan de Stille Wike: de wike dat kristenen stilstean by it lijen fan Jezus. En dat is ek de wike dat neffens tradysje de passys útfierd wurde. De bekendste is de Matthäus-Passion fan Johan Sebastian Bach. Mar de earste passy dy't Bach skreaun hat is de Johannes-Passion en dy bestiet dit jier 300 jier. De Stienzer muzykpedagooch Wim de Vrij is een grut Bach-leafhawwer, syn biedwurd is "Geen Dag Zonder Bach". Hy kin oeren prate oer dizze Johannes-Passion. Want eltse noat hat in betsjutting. En yn eltse noat sit in emoasje. Klazina Hofstee gie nei Stiens en krige in minykolleezje oer de Johannes-Passion.
    13 min
  • "Jij mag blijven" Hoe't we ûnbedoeld of ferburgen diskriminearje
    62 Foarstellingen spile Amin Ait Bihi de rol fan sjoernalist yn it stik De Emigrant. Mei Freark Smink en Theo Smedes reizgen se fan teäter nei teäter troch de provinsje. Mei it ferhaal fan in âlde Fryske emigrant en in jonge Frysk-Marrokaanske ymmigrant. Amin spilet eins de rol fan himsels. En hy kaam der op de ferskate plakken achter dat rasisme en diskriminaasje yn de lytste, ûnbedoelde hoekjes sit. Simone Scheffer spruts Amin flak foar syn lêste foarstelling...
    13 min
  • "Jij mag blijven" Hoe ûnbedoeld guon 'kompliminten' dochs ferburgen diskriminaasje binne
    62 Foarstellingen spile Amin Ait Bihi de rol fan sjoernalist yn it stik De Emigrant. Mei Freark Smink en Theo Smedes reizgen se fan teäter nei teäter troch de provinsje. Mei it ferhaal fan in âlde Fryske emigrant en in jonge Frysk-Marrokaanske ymmigrant. Amin spilet eins de rol fan himsels. En hy kaam der op de ferskate plakken achter dat rasisme en diskriminaasje yn de lytste, ûnbedoelde hoekjes sit. Simone Scheffer spruts Amin flak foar syn lêste foarstelling...
    13 min
  • Hilly Elzinga-Linstra beskriuwt har emoasjes as se yn ferwachting is fan in slim siik berntsje
    De namme Hilly Elzinga Linstra klinkt miskien bekend. Dat kin, want sy is de frou dy't in petysje opsette om it bernehertsintrum yn Grins te behâlden. Se waard landelik bekend mei't se mear as 225.000 hântekens ophelle. Se fertelt no har ferhaal oer har dochter mei in slimme hertôfwiking. Doe't se yn ferwachting wie, hat se in deiboek byholden en dat hat se yn eigen behear útjûn. Se beskriuwt net allinne de feiten; Der is ek in soad romte foar har emoasjes. It Buro gie nei Drachten om mei Hilly oer har boek en foaral ek oer har dochter te praten:
    16 min
  • Hoe't goudkoarts it toerisme nei Skylge oanwakkere: fan skilders oant badgasten
    As jongfeint fan 14 kaam Pieter Breuker foar it earst op Skylge. Hy rekke fuortendaliks yn de besnijing fan it eilân. Breuker is bekind om syn boeken oer sport en de Fryske taal, mar hy hat ôfrûne jier in boek skreaun oer it waadeilân. En dan benammen it toerisme nei Skylge fan foar de oarloch. Wa makken de oertocht doe't der noch hast gjin foarsjennings wiene? Wa stiene hjir yn it ferline mei de fuotten yn in sân? Mei dit boek hat Breuker no in priis wûn: de Skylger Lutinepriis. Freed 15 maart 2024 krijt hy de Lutinepriis útrikt op Skylge.
    14 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners