Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Marian van Unen oer har eksposysje oer soan William
    In bisûnder eksposysje rint der yn it Hannemahûs yn Harns. It is fan de 80 jierrige Marian van Unen, ek út Harns. It binne 17 portretten. Fan har soan William en minsken dy't har stipe hawwe yn har striid mei de GGZ oer har soan en de wize wêrop der mei harren omgien is foar en nei syn dea. Lang koe de byldzjend keunstner net mear skilderjen. Oant har ferhaal optekene waard troch in krantesjoernalist. Dat jûch erkenning. Dêrnei makke se de portretten.
    14 min
  • Maria Mulder oer har adopsje
    "Je mag er niet zijn". Dat is de gedachte dy't Maria Mulder har hiele libben efterfolge hat. Want har mem hie har by de berte ôfstien. Se wie net winske. Acht moanne letter waard Maria adoptearre troch de leafste âlders dy't se mar betinke koe. Mar de gedachte bleau. "Je mag er niet zijn". Maria gie op syk nei har ôfkomst en skreau der in boek oer: Klein maar Dapper. Klazina Hofstee prate mei har ôf yn de Ljouwerter strjitte dêr't se it libbensljocht seach...
    19 min
  • Jeen van den Berg: reedrydikoan fan Fryslân
    Syn fanatisme kende gjin grinzen. Bûge of barste, oars koe er net: Reedrider Jeen van den Berg. Dit jier is it tsien jier lyn dat er ferstoar, 86 jier âld. Van den Berg is foaral ferneamd fanwege syn winst yn de Alvestêdetocht fan 1954 en syn tredde plak yn de barre tocht fan 1963. Mar hy wie ek twa kear dielnimmer oan de Olympyske Spelen, mearfâldich dielnimmer oan WK's, EK's en NK's langebaan en oan hûnderten maratons.  Histoarikus Mark Hilberts is fassinearre troch de tsjinstelling tusken in geduldich en sosjaal man dy't altyd foar de minsken klearstiet, foar de man oer dy't bloedfanatyk is en der net foar tebekskrillet om syn tsjinstanners te 'flikken', as hy dêrmei in wedstriid of in medalje winne kin. Hilberts skreau yn 2022 in boek oer Van den Berg. 
    32 min
  • Leger des Heils pop-up kafee: 'een haven voor de haveloze'
    In organisaasje dy't altyd wer op-popt oftt der minsken yn de lytse lûge sitte, is it Leger de Heils. Motivearre út it leauwen, stean se minksen by dy't help nedich ha. As frijwilliger, mar ek as professional fine jo se op strjitte by dakleazen, by prostituees, by ferslaafde en betize minsken, mar ek by tal fan ynstellingen. Wa't, seker sa om de krystdagen hinne, allinnich mar tinkt oan it klassike byld fan de heilssoldaat by de krystpot, docht de organisaasje dus bot te koart. Yn in liet dat Stef Bos spesjaal foar it Leger des Heils makke, omskriuwt hy it moai: "Ik wou een soldaat zijn in het Leger des Heils, gewapend met de liefde in een uniform met stijl. Een haven voor de haveloze in een zee van tijd. Ik wou een soldaat zijn in het Leger des Heils." Om in better byld te krijen fan it plak fan het Leger des Heils en syn soldaten yn Fryslân makke it Buro in kuier troch Ljouwert mei officier Henk Jan Bos en bedarre -om op te waarmjen- yn harren pop-up-kafee yn de stêd...
    19 min
  • De goeddoggers fan Buurvrouw en Buurvrouw
    "Iedereen wil toch een goede buurvrouw hebben?" Buurvrouw en Buurvrouw is in frijwilligersorganisaasje yn Ljouwert. Se helpe minsken mei in tige lytse beurs op ferskate fronten. Se dogge dat sûnder jild, mei sluten beurzen. Wat lyts begûn, is hieltyd grutter wurden, fertelt Monique van der Hoek. Sy begûn mei Esmeralda de Vries yn 2018, it jier dat Ljouwert kulturele haadstêd wie, mei de grutste haakte tekken. Doe't dat klear wie, hiene se it gefoel mear mei it tema mienskip te kinnen. Se setten útein mei in bus dêr't minsken iten helje koene. Yntusken is der folle mear by kaam. In hiele wink
    20 min
  • De 'Krystman' fan Grou: Freerk Siekmans
    De measte minsken witte wol dat it doarp Grou in eigen Sint hat, net Sinteklaas mar Sint Piter komt hjir jierliks op besite. Mar net in soad minsken witte dat Grou ek syn eigen Krystman hat, en dy hiet Freerk Siekmans. Siekmans libbe fan 1887 oant 1971, en wenne allinnich op syn pôle op it eilân de Burd, flakby it doarp. Foar syn stjerren rjochte hy in fûns op om âldere Grousters dy't allinnich wenje, en dy't net in soad jild hawwe, wat ekstra's te jaan mei de kryst. Klazina Hofstee gie op syk nei it ferhaal fan dizze bysûndere man en moete Pieter Engelsma en Klaas de Boer fan it Freerk Siekmans fûns.
    16 min
  • 'Grootouders voor het klimaat' yn aksje foar har pake- en beppesizzers
    "Grootouders voor het klimaat" is in landelike beweging fan senioaren dy't har grutte soargen oer it klimaat meitsje. Sy wolle echt wat dwáan om derfoar te soargjen dat se in sûne wrâld achterlitte foar har pake- en beppesizzers. Mei aksjes as folders útdiele oan winkeljend publyk, op merken stean en foarljochting jaan, besykje se derfoar te soargjen dat mear minsken har oanslute. Neffens de beweging leit der in taak foar de oerheid en foar bedriuwen. Mar ek boargers kinne wat dwaan om de opwaarming fan de ierde tsjin te gean en dat boadskip wolle se sa breed mooglik útdrage.
    22 min
  • Dûmny Lieke Weima fan Skearnegoutum komt fan it leauwen út yn aksje foar it klimaat
    De administraasje op oarder bringe, de tún dwaan, himmelje yn hûs... it binne putsjes dy't foar guon minsken lestich binne en dy't se net mear kinne. Yn Skearnegoutum kinne minsken dan in berop dwaan op 'Graach Dien' in helptsjinst dy't rund wurdt troch frijwilligers. Graach Dien is oprjochte fanút de tsjerke, mar elkenien yn it doarp kin der in berop op dwaan. Sûnt in skoftke makket ek it 'putsjekafee' ûnderdiel út fan Graach Dien. Yn it putsjekafee kinne minsken stikken guod ynbringe dat besocht wurdt wer te meitsjen. Doel is om minder guod fuort te goaien en sa in bydrage te leverjen oan it miljeu. Hoewol't it dus foar it hiele doarp is, passe 'Graach Dien' en it putsjekafee hiel goed yn it stribjen fan de tsjerke yn Skearnegoutum om in 'Griene tsjerke' te wêzen.It Buro makke in ôfspraak mei dûmny Lieke Weima en gie op de earste sneon fan de moanne nei it putsjekafee om ris te sjen hoe't it der om en ta giet en om te praten mei de frijwilligers. De dûmny hie in stikkene CD spiler meinommen om meitsje te litten
    17 min
  • Téma: ûndermining en drugskriminaliteit op it plattelân fan Fryslân
    Wy wenje yn in prachtige provinsje, dêr't it rêstich is, minsken om mekoar tinke en dêr't it feilich is. Dat is it byld dat ik graach foar my sjoch en dat ik graach fertel oan minsken út it westen, út de Rânestêd. Mar wy binne nayf. Want de kriminaliteit rukt op, seker ek op it plattelân.  In petear oer ûndermining en drugskriminalteit op it plattelân fan Fryslân mei  boargemaster Agricola fan Dantumadiel boargemaster Brouwer fan Achtkarspelen (earder offisier fan justysje) Janneke Bakker sektorhaad Fryslân fan de plysje Lammert de Bruin sjoernalist en podcastmakker, ûnder oaren fan de podcast Penoza op het platteland
    48 min
  • Henk Kluitenberg skreau syn autobiografy: 'niet normaal, zo normaal' oer syn spiersykte
    Henk Kluitenberg fan Nijeberkeap skreau syn autobografy mei as titel 'Niet normaal, zo normaal'. Hy makke de presintaasje sels net mear mei. Hy ferstoar op 17 augustus op 52-jierrige leeftyd yn it UMCG yn Grins. Op himsels wie it al in wûnder dat 'er dy leeftyd helle, want syn libbensferwachting wie mar fjouwer jier fanwege de slimme spiersykte SMA-1. Henk's favorite band wie Normaal en harren liet 'Deurdonderen' hearde er it leafst. Dat 'deurdonderen' soene je eins ek wol sjen kinne as de reade tried yn syn libben: Altyd trochsette en altyd tinke yn mooglikheden. Henk hat, net tsjinsteande syn beperkingen, de 52 jier fan syn libben nea yn in ynstelling wenne. Heit Piet en mem Sietske stelden harren libben folslein yn tsjinst fan Henk en mei stipe fan broer Bert en in soad oaren is it him slagge mear út it libben te heljen dan wat ea ferwachte wurde koe. De wenning yn Nijeberkeap waard sa oanpast dat Henk by syn âlders thús wenje koe en mei (benamme) mem altyd yn de buert wie de soarch 24 oeren deis fersekere.  
    30 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners