Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden diel 2
    Boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbehear rint mei it Buro troch de Twizeler Mieden by Bútenpost. Ferline wike fûnen we yn it wetter seldseme soarten mei de prachtigste nammen lykas it Bargesturtsje en Sint Jans Sompekrûd. No sjogge we wat der allegear groeit en bloeit op de drûge stikken fan de Twizeler Mieden.
    14 min
  • Melkfeehâlderij moat ekstinsiver fine saakkundigen
    De melkfeehâlderij yn Fryslân moat 'grondgebonden' en duorsumer mar hat wol in goeie takomst. En de polityk moat minder mei regels en mear mei doelen wurkje. Dat sizze de lânbouadviseurs Johannes Bakker en Oane Galama. Ek demisjonêr minister fan lânbou Piet Adema leaut yn in 'grondgebonden' melkfeehâlderij en wol boeren helpe om de oerstap nei dizze foarm fan buorkjen te meitsjen. Bakker, Galama en Adema fertelle dit yn in dokumintêre fan it radioprogramma Buro de Vries. 
    31 min
  • Mei Jacob Hanenburg troch de Twizeler Mieden
    It is in eksploasje fan de moaiste blommen en planten yn de Twizeler Mieden by Bútenpost. Werstelwurksemheden yn dit natoergebiet dogge fertúten en soargje derfoar dat hyltyd mear seldseme planten har hjir thúsfiele. Buro de Vries gie mei boskwachter Jacob Hanenburg fan Steatsbosbeheer it gebiet yn op syk nei dy planten. De learzens moatte oan want ek yn it wetter is fan alles te finen
    14 min
  • In stikje Slachte rinne mei Stefien Smeding
    Mear as tsientûzen kuierders rinne sneon 15 juny de Slachtemaraton. 42 kilometer rinne oer de Slachtedyk, de âlde seedyk dy't Fryslân eartiids beskermde tsjin it wetter. Ast mei safolle minsken tagelyk de Slachtemaraton rinst, hast net altyd tiid om goed om dy hinne te sjen, whylst hast stroffelst oer de skiednis. Kultuurhistoarika Stefien Smeding fan it Fryske Gea kent de ferhalen fan de Slachtedyk en nimt it Buro mei de dyk op.
    15 min
  • Oarloch ferbynt de libbens fan de Fryske Trienke en de Joadske Hagar
    De fan oarsprong Israëlyske Hagar Neter hie der miskien nea west sûnder de âlders fan Trienke Friso. Yn de Twadde Wrâldoarloch hat it gesin Friso út Wynterp Joadske ûnderdûkers opnaam, wêrûnder de heit fan Hagar. No hast 80 jier letter, fertelt de njoggentich jierrige Trienke noch altyd oer dy perioade. Tegearre mei Hagar wol se sa de wearde fan begryp en minsklikheid yn libben hâlde. Ferslachjouwer Johanna Brinkman moetet de beide froulju yn Minnertsgea, by Hagar thús yn de wenkeamer. Hagar hat har freonengroep útnoege om te harkjen nei Trienke's ferhaal, dêr't leafde yn de meast tsjustere tiiden it ferskil meitsje koe.  
    11 min
  • Minsken mei in beheining ferlizze al fyftich jier har grinzen mei Sailwise
    Sailwise organisearret al fyftich jier wettersportfakânsjes foar minsken mei in beheining: in lichamelike, in beheining oan earen of eagen of in ferstandelike beheining. It betsjut in wike of langer yn in oare omjouwing, mei oare minsken en aktyf meidwaan oan  aktiviteiten as sile, kanoë, suppe en swimme. Yn Ealehuzen hat Sailwise de akkommodaasje 'it Sailhûs'. In grut gebou mei mienskiplike romtes en oanpaste apparteminten dêr't de fakânsjegongers ferbliuwe kinne.  Yn dy fyftich jier hat Sailwise in hiele ûntwikkeling trochmakke. Dêr prate we oer mei direkteur Renske Rietbergen. En we hearre dielnimmers en frijwilligers oer harren ûnderfining mei Sailwise.    
    32 min
  • Oandacht foar de natuer op begraafplakken yn Noardeast-Fryslân
    Begraafplakken binne foar in soad minsken in plak fan rêst en besinning. Mar se binne faak wol wat netsjes en oanharke. De gemeente Noardeast-Fryslân wol hjir feroaring ynbringe. Ek foar fûgels, flearmûzen en ynsekten moat sa'n begraafplak in oäze fan rêst wurde. En dus wurdt der fan alles oan dien om dy bisten wolkom te hjitten. Klazina Hofstee gie mei Theo van der Horn fan de gemeente Noardeast-Fryslâ nei it begraafplak fan Burdaard.
    12 min
  • 50 jier frouljuskeatsen: smoute ferhalen mei in serieuze ûndertoan
    It frouljuskeatsen bestiet dit jier 50 jier. Op pinkstersnein organisearre keatsferiening Hâld Moed yn Jorwert de earste offisjele wedstriid foar froulju holden. It wie in ôfdielingswedstriid en kin sjoen wurde as it offisjeuze Nederlânsk kampioenskip. Om dit te fieren organisearre de keatsferiening in jûn werby't alle winners fan de Wiebe Koldykpartij, dy't sûnt dy tiid op pinkstersnein ferkeatst wurdt, útnûge wiene. Presintator Geartsje de Vries ûntfong yn trije blokjes trije generaasjes oan tafel om mei harren te praten oer har karriêre en oer it keatsen foar froulju yn it algemien. 
    31 min
  • Nochris it fjild yn mei Wybren Bruinsma
    Wybren Bruinsma fan Winsum is gauris yn it fjild te finen, dwaande mei de neisoarch of oan it jeien. It Buro luts dêrom de learzens oan en gie mei him op paad. Yn de Húnser polder, lân fan boer Marten de Jong is in hiel soad te sjen en Wybren mei der graach oer fertelle. 
    10 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners