Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Fimme, it 'wonderkind' fan it UMCG
    It is ien fan de slimste senario's dy't je as âlders meimeitsje kinne. Bert en Baukje Agema koenen harren soantsje Fimme tweintich minuten lang net fine, nei't er yn it wetter fallen wie. Nei mear as twa oeren fan reanimaasje en in skoft oan de hart-long masine, is Fimme no in 'gewoan' jonkje, in útkomst dy't doktoaren net foar mooglik holden. "Dit is het wonderkind van het UMCG", fertelde in meiwurker oan de âlden. "Bedenk wel dat hij twee geboortedatums heeft", seit ien fan de spoedsjirurgen dy't Fimme behannele. No, sân jier letter, is Fimme in 'gewoan' jonkje fan alve jier dat yn groep acht sit. Fan de bûtenkant sjogge je neat oan him. Allinnich as hy syn shirt omheech lûkt: op syn bûk is in grut groede te sjen. It ferhaal fan Fimme is optekene troch Nynke Tuinstra. Sy prate mei syn âlden, mei Fimme sels en mei in arts.
    33 min
  • Nuveraardige delikten yn Boalsert yn de 19e iuw: it plysjeargyf is digitaal beskikber makke
    Pubers dy't 'mensendrek' op de toanbank smite, in man en frou dy't elkoar de kop ynslaan en in grutte folksoproer... Yn de perioade 1824 oant 1923 hie de plysje geregeld de hannen fol oan de Boalserter befolking. Nei it digitaliseren fan de processen ferbaal fan de gemeenteplysje fan Boalsert ûntdekte gemeente-argivaris Jack de Vries in pear pearels fan ferhalen. It buro dûkt mei him dat argyf wer yn...
    13 min
  • De Le Roy tún bringt al hast 60 jier de natuer nei it hert fan it Hearrenfean
    31 oktober, is it 100 jier ferlyn dat keunstner en tunarsjitekt Louis Le Roy berne waard. Le Roy waard bekind mei syn saneamde ekokatedralen, in plak mei steapele bouwurken dêr't de natoer de romte krijt om har optimaal te ûnwikkeljen. De earste ekokatedraal stiet op it Hearrenfean en wurdt ek wol de Le Roy tún neamd. It Buro makket mei boumaster Peter Wouda in slach troch de tún...
    20 min
  • Fryske nomade Jil wennet yn in tintsje
    Se neamt harsels de Fryske nomade: de 44-jierrige Jil, earspronkelik fan de Lemmer, libbet al jierren yn in lyts tintsje. De ôfrûne 10 jier swalke se troch Sili, sûnt de meitiid is se werom yn Fryslân. It nomadyske libben jout Jil de fryhyd fan in fûgel seit se sels. En krekt as in fûgel giet Jil no op syk nei in waarmer klimaat en stapt se op de fiets rjochting Portugal. Buro de Vries gie op besite flak foardat se fuortgie en krige in rûnlieding troch har tintsje...
    21 min
  • It libbensferhaal fan Sijtje van der Lende
    Yn beweging bliuwe salang't it kin. Dat is it biedwurd fan Sijtje van der Lende, âld-topreedrydster en sûnt har ôfswaaien reedrydtrainster. Sijtje van der Lende waard berne op 31 jannewaris 1950 yn Sonnegea, in lyts doarpke ûnder de reek fan Wolvegea. Har âlden hiene in foar dy tiid reedlik grut boerebedriuw mei sa'n 30 kij, ierappels, weet en biten.  Van der Lende stiet fan jongs ôf oan faak op redens. As it kin, docht se mei oan de koartebaanwedstriden yn de omjouwing. Se falt op en wurdt fia de provinsjale seleksje úteinlik selektearre foar de kearnploech mei grutheden as Stien Baas Kaiser, Carry Geijssen, Ans Schut en letter Atje Keulen-Deelstra. Van der Lende hold yn 1982 op mei har aktive reedrydkarriêre. Dochs stiet se noch faak op it iis. Se is no 74 jier, mar noch net fan doel om op te hâlden. Se traint noch altyd by Team Frysk en jout ek les oan húsfroulju. Yn dizze podcast fertelt se oer har libben.
    53 min
  • Sportsjournalist Edward Jorna skriuwt biografy oer keatser Johannes Brandsma: "De Brand"
    De ferkeap fan it boek "De Brand" fan skriuwer en sportsjournalist Edward Jorna rint as it sliedjaget, it boek oer keatser Johannes Brandsma is nei it ferskinen begin dizze simmer no al ta oan in twadde druk. Ferskate kearen hat Jorna mei Brandsma praten oer syn libben en syn karjêre. It levere in tsjok boek op fan sa'n 400 siden. Brandsma hat it net mear lêze kinnen, hy ferstoar begjin ferline jier. Klazina Hofstee giet mei Edward Jorna nei it berteplak fan "De Brand", Seisbierum....
    20 min
  • It libbensferhaal fan Karst Berkenbosch
    Hjoed it libbensferhaal fan Karst Berkenbosch. De measte minsken kinne him fan syn liedsjes yn it Stellingwerfs. Mar hy docht safolle mear, hy is net allinnich sjonger mar ek, skriuwer, keunstner, kaberetier, je kinne wol sizze: in wiere kreative tûzenpoat. 
    52 min
  • It libbensferhaal fan Eelke Lok: dat ik myn dochter net mear sjoch docht noch alle dagen sear
    Omrop Fryslân ikoan Eelke Lok is hikke en tein yn Drachten. Hy hie hielendal gjin nocht oan skoalle en studearjen, mar helle wol de HBS. Op 16-jierrige leeftiid gie er oan it wurk by de Drachtster krante. Nei ek noch in skoftke wurke te hawwen by Schuttevaer, kaam er yn 1975 by - doe noch - de RONO te wurkjen. Yn de fjirtich jier dat er dêr wurke hat er grutte feroaringen meimakke. Eelke Lok fertelt oer syn libben yn dizze ôflevering fan Buro de Vries.
    50 min
  • It libbensferhaal fan ddûmny Corry Nicolay
    As seisjierrich famke waard dûmny Corry Nicolay al mei de hurdheid fan de minsk konfrontearre. En mei skuldgefoel. Dat kaam fan har twa jier âldere sus Tineke. Der wie wat mei Tineke mar wat dat wisten se net. Trochdat se oars wie as oaren waard se hiel bot pesten. Lytse Corry seach it gebeuren mar wie te bang. Se wie noch mar seis. It bepaalde in soad yn har lettere libben.Corry Nicolay waard berne op 9 juyn1948 yn Mitselwier. Mar al gau ferhuze it gesin nei Ljouwert dêr't heit kandidaat-notaris waard. Op de Archipelweg wenne it gesin op trije heech yn in lytse flat. Se wennen der net lang mar de earste echte herinnerings lizze der wol. Dat binne moaie mar benammen ek minder moaie bylden. De âldere sus Tiny wie oars. Achterôf die bliken dat se autistysk wie en asperger hie. Dêrtroch wie it dreech om mei har om te gean. Swier foar har âlders mar ek foar de lytse Corry. Op de legere skoalle waard Tiny bot pesten.
    1 hr 2 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners