Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Skriuwster Machteld van Zalingen lit har nijste boek foar in part yn Fryslân spylje
    In thriller dy't foar in part yn Fryslân spilet en oer in sekte giet. Machteld van Zalingen hat har ynspirearje litten troch Fryslân en Noarwegen. De skriuwster wennet sels op de Veluwe, mar is regelmjittich yn Fryslân te finen. Se kin har yn har fakânsjehûs oan de Aldegeaster Brekken folslein talizze op it skriuwen. De earste sêne yn har nijste boek 'Het Genootschap' spilet dan ek krekt dêr: oan de oever fan de Aldegeaster Brekken.
    14 min
  • Kees Bangma skriuwt boek oer Belgen yn Gaasterlân yn earste wrâldoarloch.
    Hy nimt it sels histoarysk resjerzjewurk: âld plysjeman Kees Bangma docht ûndersyk nei de skiednis fan de earste wrâldoarloch en de gefolgen dêrfan foar Fryslân. Nederlân wie dan wol neutraal yn dy oarloch, mar de ynfloed wie grut, ek yn ús provinsje. Bangma hie yn 2018 al mei skreaun oan it boek "Ver van het Front", oer Fryslân en de Friezen yn de earste wrâldoarloch. No hat er in nij boek skreaun: "Gasten in Gaasterland", oer Belgyske militêren dy't yn dy tiid ynterneare waarden yn Gaasterlân. Klazina Hofstee moetet Bangma op it tsjerkhôf fan de Sint Odulphustsjerke yn Bakhúzen.
    15 min
  • Twa boeren meitsje gebrûk fan de útkeapregeling foar pykbelesters
    Hans Wemer út Boijl en Marco de Jong út Langedijken binne twa boeren út Eaststellingwerf dy't gebrûk meitsje fan de útkeapregeling foar pykbelesters. Under dy regeling krije boeren dy't ticht by in natûrgebiet sitte en neffens de norm tefolle stikstof útstjitte, 120 persint fan de ferfangingswearde fan harren stallen en bisten fergoede. De foarige minister fan natûr en stikstof, Christianne van der Wal neamde dat in 'Woest aantrekkelijke regeling.' Oan ferslachjouwer Gerrit de Boer fertelle Wemer en De Jong wat de útkeap mei harren docht hoe oantreklik de útkeapregeling no werklik is.
    16 min
  • De winner fan de Johan de Jong beam 2024 Sytse Bouwhuis fan Wikel
    Sytse Bouwhuis fan Wikel is dit jier de winner fan de Johan de Jong priis. "Mei ûnfoarstelbere passy fersoarget Bouwhuis al jierrenlang alderhande ekskurzjes. Dêrmei is natueredukaasje him op it liif skreaun", sa fynt de sjuery. Bouwhuis fersoarget al 35 jier Vroege Vogel-ekskurzjes, oare fûgelekskurzjes en lêzingen. Mar hy is ek eigener fan it Boukeboskje. It Buro gie nei Wikel en krijt in rûnlieding fan Bouwhuis troch dat bysûndere bosk...
    17 min
  • Op syk nei wasplaten yn it Houtwiel
    It liket in bytsje sa as mei de metaaldetektor troch in lân rinne yn de hoop in gouden munt te finen.... At je op syk geane nei de bysûndere paddestuollen yn it natoergebied De Houtwiel ûnder De Westereen, dan moatte je hiel goed oplette en somstiden wat gelok ha. Yn it gebiet komme 15 ferskate soarten wasplaten foar en oan de start fan de hjêrst nimt it buro de útdaging oan om der safolle mooglik te finen.... Mei de help fan boskwachter Jacob Hanenburg
    10 min
  • Kij leverje sûnere molke mei krûderyk gers en stjitte minder metaan út
    Undersikers fan hegeskoalle Van Hall Larenstein ha op de Ljouwerter Dairy Campus sjoen wat de effekten fan ferskillende soarten fretten binne op de kwaliteit fan molke en de útstjit fan stikstof en metaan. Dat ûndersyk hat trije jier duorre. Kij dy't meidienen oan de proef, krigen in moanne lang ien soart fretten. Dat gong om bygelyks allinnich sûkerei (cichorei), allinnich breablêd (smalle weegbree) of allinnich reade klaver. De oare helte fan de 96 kij krige allinnich gers te iten. En wat docht bliken? Kij dy't krûderyk gers krije, leverje bettere kwaliteit molke en stjitte minder metaan út. Mar om de útkomsten fan in grutskalich ûndersyk ta te passen op de buorkerij, is noch in soad oanfoljend ûndersyk nedich.
    19 min
  • Barry Nijenhuis is slim siik, mar "er zijn mensen die het veel slechter getroffen hebben"
    Neurofibromatosis type 2. In ûnbekende sykte werby't der goedaardige tumoaren yn it lichem groeie. Se groeie stadich, mar se kinne wol senuwen ôfklemme. Dat is net alline pynlik, it soarget soms ek foar útfal fan funksjes. NF2 is in seldsume sykte dy't net genêzen wurde kin. Ien op de 400 minsken yn Nederlân hat it. Barry Nijenhuis fan it Hearrenfean is ien fan harren. Omdat it sa seldsum is, is der noch net in soad ûndersyk nei dien. It Leids Medisch Centrum docht op dit stuit wol ûndersyk en om jild foar dat ûndersyk yn te sammeljen hat Barry Nijenhuis in boek skreaun. In 'goede doelenboek' werby't de opbringst nei it LMC giet. It Buro prate mei Nijenhuis oer syn sykte.
    10 min
  • De Fryske skiednis yn tweintich spannende ferhalen: 'Vet Oud! Fryslân'
    It ferhaal werom yn de klasse krije. Dat wie it doel fan skiednisdosinten Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld. Sy skreaune 'Vet Oud!' in skiednisboek mei spannende ferhalen dy't yn it ferline spylje. Ta har eigen fernuvering wie it in grut sukses en nei dat earste boek folgen nochris fjouwer Vet Oud! boeken. Mei it sechsde diel oer de skiednis fan Fryslân nimt Aant Jelle Soepboer foarearst ôfskied fan it skriuwen fan skiednisboeken. De âld skiednisdosint is hjoed-de-dei twadde keamerlid en hat gjin tiid mear om te skriuwen.  Mar dat sechsde diel fan de skiednisrige giet oer Fryslân en dat leit Soepboer nei oan it hert. Der is dan ek foar keazen om der twa útjeftes fan te meitsjen: in Nederlânsktalige en in Frysktalige. Soepboer hat de boeken tegearre mei Richard Zuiderveld skreaun. In reportaazje mei it twadde keamerlid mei in passy foar skiednis én Fryslân.   
    9 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners