Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • It Yndia fan antropolooch Bauke van der Pol
    De Harnser Bauke van der Pol gie as jong feint yn de 70er jierren fia de hippy-trail oer lân op aventoer nei Yndia. It wie leafde op it earste gesicht. Letter waard hy kultureel antropolooch en hat hy ferskate boeken skreaun oer it lân en de kultuerhistoaryske konneksje mei Nederlân en Fryslân. Syn lêste boek is krekt klear: dat giet oer de Nederlânske ynfloed yn de havenstêd Fort Cochin. Ynkoarten sil van der Pol nei Yndia om it boek te presintearjen. Klazina Hofstee gie foar dy tiid noch even by him del.
    13 min
  • Froulju fan Fryslân: Rixt
    It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027. Om dat de fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. We traapje ôf mei in bysûndere dichteres: Rixt, pseudoniem fan Hendrika Akke van Dorssen...
    8 min
  • De wûnderen fan Marije fan Sânwâlden
    Elkenien kent it beafeartsplak Lourdes, mar ek Boalsert is in plak dêr't pylgers hinne geane, en wol om it houten byld fan Marije fan Sânwâlden te earen. It byld is sûnt 1515 in mirakelbyld: siken waarden wer better, blinen koenen wer sjen as se Marije fan Sânwâlden oanrôpen. Yn de midsiuwen waarde al dizze wûnderen opskreaun yn it Boalserter Mirakelboek. En dat boek is koartlyn digitalisearre. It Buro is benijd nei it ferhaal fan dizze Maria en giet nei Boalsert. Mei Jack de Vries fan De Tiid dûke we it argyf yn en behearder Jan Visser nimt ús mei nei de Sint Fransiscusbasiliek.
    14 min
  • De Fryske Nicci French: Rifka Faber út Dronryp
    Blauwe maandag, Dinsdag is voorbij, wachten op woensdag.... wa't leafhawwer is fan thrillers, herkent de titels wol: it binne boeken skreaun troch Nicci French. Nicci French is in pseudonym foar in echtpear - Nicci Gerrard en Sean French. Sy skriuwe de boeken tegearre en ha dêr in hiel soad sukses mei. Fryslân hat no ek in Nicci French; it is Rifka Faber. Achter dit pseudonym sitte Erik Betten en syn frou Corien Feenstra. Fannewike kaam harren earste boek út: Fatale Oplossing. In petear mei harren oan de keukenstafel yn Dronryp.
    15 min
  • In beam fol hoarnûlen
    It is in min jier foar de hoarnûl, oftewol de ransuil. Dat komt omdat it in wiet jier west hat, en dat is min foar de mûzen, en hoarnûlen frette mûzen. In typysk gefal fan oarsaak en gefolch. Sjouke Scholten is fan it Sovon, it kennissintrum fan wylde fûgels yn Nederlân en telt rûmon dizze tiid hoefolle hoarnûlen hjir oerwinterje. Se skûlje faak yn hege beammen. Buro de Vries moetet Scholten yn Drachten. Tegearre geane se op syk nei in beam fol hoarnûlen...
    13 min
  • Jappie Talma oer aksje predikanten yn aksje tsjin strange asylbelied
    Yn in tal kranten stiene de ôfrûne moannen grutte advertinsjes mei in oprop oan it kabinet it paad fan "it strengste asylbelied" te ferlitten. It is ûndertekene troch mear as 400 predikanten en foargongers. De advertinsjes binne yn kranten as Trouw en Volkskrant pleatst mar ek yn it Friesch Dagblad. It is in inisjatyf fan Jan de Beer út Zwolle. Mar ek Jappie Talsma út Hurdegaryp is belutsen by de aksje. Ik gie by him op besite.  
    24 min
  • Durk Gorter oer Baskelân en Fryslân
    "Sels bin ik in grut leafhawwer fan it Baskyske lân, de kultuer, it lânskip en de minsken." Dat seit ferslachjouwer Simone Scheffer. Se komt al jierren yn Baskelân. Dy regio hat wat mienskiplik mei Fryslân. Mar der binne ek ferskillen. Simone Scheffer wie dit jier seis wiken yn Baskelân. Yn dit artikel fertelt se wat wy Friezen fan de Basken leare kinne. Dêr hat se oer praat mei Durk Gorter, dy't wennet en wurket yn Baskelân.Gorter is heechlearaar en ûndersiker oan de Universiteit fan Baskelân. Hy is kritysk op de Friezen. "As je it fergelykje, is it belied yn Baskelân in euro en dat fan Fryslân in dûbeltsje", seit er.
    49 min
  • Fete tusken boerebuorlju yn Drylts op 'e nij ferteld
    "De wylde boerinne" giet oer twa boerebuorlju by Drylts, dy't tsientallen jierren lang slim spul ha. Skriuwer Teatse Eeltsje Holtrop út Drylts (1865-1925) wûn mei it ferhaal de novellewedstriid fan literêr tydskrift De Gids en sei dat it basearre wie op in wier bard ferhaal. Mar is dat echt sa? Ferhalemakke Froukje Sytsma en tëatermakker Ypie Zijsling dy't beide in fassinaasje ha foar "de wylde boerinne" gean op ûndersyk út. En komme ticht by de wierheid.
    29 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

165 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

79 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

26 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

247 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

31 Listeners