Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Froulju fan Fryslân: Betzy Rosa Berg
    It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027 en fiert dat mei in oade oan de Froulju fan Fryslân. Der komt in spesjaal jubileumboek mei dêryn de ferhalen fan 200 Fryske froulju, dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. It binne froulju dy't yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan keunstner Betzy Rosa Berg.
    7 min
  • Frijheid yn de Frijheidswyk diel 4
    As der in wyk is dy't in relaasje hat mei de Twadde Wrâldoarloch, dan is dat de Vrijheidswyk yn Ljouwert. Stichting de Verhalen hat dy Vrijheidswyk adoptearre yn dizze perioade wêryn't we 80 jier frijheid betinke. Sa makket de stichting ek yn gearwurking mei Buro de Vries in fjouwerdielige podcastrige. Klazina Hofstee en Gerard van der Veer folgen in moanne lang de minsken fan de Vrijheidswyk, dêr't alle pleinen en strjitten neamd binne nei fersetsstriders of in oare link ha mei de Twadde Wrâldoarloch. Hjoed-de-dei wenje der mear as 40 ferskillende nasjonaliteiten. Wêrûnder ek aardich wat minsken dy't it eigen lân ûntflechten binne foar oarloch. Sintraal stiet de fraach: wat betsjut Frijheid foar de bewenners fan de Vrijheidswyk? Dit is diel fjouwer.
    35 min
  • Frijheid yn de Frijheidswyk diel 03
    It is dit jier 80 jier ferlyn dat de Twadde Oarloch oan syn ein kaam. Sûnt dy tiid libje we hjir yn fryheid. Mar wat is dat eins, frijheid. En wat betsjut fryheid foar de bewenners fan de Fryheidswyk? Dit is in kleurrike wyk yn Ljouwert, mei in grut ferskaat oan nasjonaliteiten en eftergrûnen, en ek in grut ferskaat oan ferhalen. Buro de Vries makke yn gearwurking mei Stichting de Verhalen in fjouwerdielige rige oer Fryheid yn de Frijheidswyk. Diel 3.
    29 min
  • Frijheid yn de Frijheidswyk diel 02
    Wat betsjut frijheid foar minsken dy't it net sa maklik hawwe yn it libben? Dy't hûs en hear ferlitten hawwe foar oarlochsgeweld, dy't it finansjeel dreech hawwe of iensum binne. Hokker frijheid is foar harren wichtich? Yn dizze podcast portrettearje wy de Ljouwerter Frijheidswyk. In wyk, dy't wol it wurd frijheid yn har namme draacht, mar dêr't frijheid yn in soad opsichten net fanselssprekkend is. Stichting de Verhalen hat de Vrijheidswyk in soarte fan adoptearre yn dizze perioade weryn't we 80 jier frijheid betinke. Sa makket de stifting yn gearwurking mei Buro de Vries dizze podcastrige.  Yn dit twadde diel gean de makkers Klazina Hofstee en Gerard van der Veer op syk nei de ûntsteanskiednis fan Vrijheidswyk.
    31 min
  • Suppe is ûntspanning en goed foar de holle
    Je sjogge se wolris gean miskyn. Troch de fearten en mei rêstich waar oer de marren en sels it Waad. De suppers. Steand op in planke, yn 'e hân in peddel en relaxed oer it wetter glydzjend. It sjocht der sa maklik út en liket wol hast op yoga yn de natuer. Loesanne Velstra stiet alle dagen op de plank, en jout ek lessen en clinics. Se is ek ambassadeur foar it Waad omdat se rotsoai út it wetter hellet. Reden foar Simone om de drysuit oan te lûken en te ûnderfinen wat dat suppen je bringe kin.
    12 min
  • Frijheid yn de Frijheidswyk diel 01
    Wat betsjut frijheid foar minsken dy't it net sa maklik hawwe yn it libben? Dy't hûs en hear ferlitten hawwe foar oarlochsgeweld, dy't it finansjeel dreech hawwe of iensum binne. Hokker frijheid is foar harren wichtich? Yn dizze podcast portrettearje wy de Ljouwerter Frijheidswyk. In wyk, dy't wol it wurd frijheid yn har namme draacht, mar dêr't frijheid yn in soad opsichten net fanselssprekkend is. Stichting de Verhalen hat de Vrijheidswyk in soarte fan adoptearre yn dizze perioade weryn't we 80 jier frijheid betinke. Sa makket de stifting yn gearwurking mei Buro de Vries in podcastrige. Sintraal stiet de fraach: wat betsjut Frijheid foar de bewenners fan de frijheidswyk. Dit is diel 1.
    31 min
  • Froulju fan Fryslân: Christine Buisman
    It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027 en fiert dat mei in oade oan de Froulju fan Fryslân. Der komt in spesjaal jubileumboek mei dêryn de ferhalen fan 200 Fryske froulju, dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027. It binne froulju dy't yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe.. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút. Hjoed is dat biolooch Christine Buisman.
    6 min
  • Roupaad op skylge
    Wêr kinne je mei je fertriet hinne as je it grutste fertriet dat je oerkomme kin oerkomt? Arjan Berkhuysen en Anemoon Elzinga fan Skylge ferlearen harren soan Mees fjouwer jier lyn troch in ûngelok. Mees waard mar 16 jier jong. Yn de rin fan de tiid holp it harren te kuierjen troch de Skylger natuer. It resultearre yn in roupaad. Dizze sneon wurdt it paad iepene. Op de stjerdei fan Mees. It roupaad, de Walk of Grief, rint troch de bosk, oer strân en troch de dunen fan Skylge en is 75 kilometer lang. Elk kin it rinne op de wize dy't se sels wolle. De inisjatyfnimmers hoopje dat it minsken helpt om harren fertriet foarm te jaan, sa't it harren betiden ek holpen hat. "Wandelen hielp ons, als je in rouw bent lukt er soms niet zoveel", fertelt Anemoon Elzinga. "Je bent gewond. Wat wel lukte was gewoon een stap zetten, en nog een stap, en nog één."
    23 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

165 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

79 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

26 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

247 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

31 Listeners