Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Lyts literêr gelok by Buro de Vries...
    Yn it ramt fan it projekt 'Lyts Gelok' (fan de organisaasje Ljouwert Literatuerstêd) dûkte yn in rige fan hûndert ferrassingsmominten, op snein 1 juny sa'n momint op by Omrop Fryslân. Dat wie moarns eefkes nei 11 oere yn it radioprogramma Buro de Vries. It blykte te gean om in ferhaal fan skriuwer Jan Minno Rozendal (De Westereen, 1979). Rozendal studearre skiednis yn Grins en debutearre as skriuwer yn 2017 mei de roman Drift. Mei Neidiel fan 'e twivel (2021) wûn Rozendal, ûnder it pseudonym I.E. Bloem, yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar bêste Frysktalige jeugdboek. Syn meast resinte roman, De Freon (2023), waard yn 2025 ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis. Rozendal wennet yn Amersfoort, dêr't er syn eigen skriuwburo runt. Mear oer it projekt en de organisaasje dêrefter waard taljochte troch Tryntsje van der Steenge, projekt-koordinator Ljouwert Literatuerstêd.
    24 min
  • Mei Betty Kooistra de natoer yn...
    Buro de Vries dûkt de natoer yn mei Betty Kooistra. Betty komt fan Burgum en is al tsientallen jierren aktyf op it mêd fan natueredukaasje, en geregeld te hearren yn ús programma Op en Ut. Boppedat wie se dit jier de winner fan de Johan de Jong-beam. Klazina Hofstee makke mei Betty in slach troch it Wikelslân by Earnewâld.
    21 min
  • Froulju fan Fryslân: Wike Zijlstra
    200 opfallende froulju. Dêr is it Keninklik Frysk Genoatskip nei op syk. Se bestean yn 2027 200 jier en om dat te fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed fertelt Tialda oer it libben fan Wike Zijlstra.
    6 min
  • Barbara van Beukering oer Levenslange liefde, sprookjes bestaan niet
    Boeken oer de leafde, se binne der yn alle soarten en maten. En no is der in nijen ien by. Fan Barbara van Beukering(58) út Langwar. Se skreaun it boek Levenslange liefde, sprookjes bestaan niet. Yn it boek docht se in persoanlike syktocht nei in antwurd op de fraach wêrom we dochs altyd dat ideaalbyld foar eagen hawwe fan dy iene leafde yn it libben.
    17 min
  • Auke Hempenius, de ferbiner yn 'e boereketen
    Werom nei de suvere produkten, yn in direkte line tusken boer en boarger. Dat is de missy fan Auke Hempenius fan Akkrum. Hy neamt himsels de ferbiner fan de Fryske boereketen. Hy wenne lang yn Amearika, mar kaam yn 2010 werom en stoarte him op de itensketen. Hempenius rjochte 'Suver en sûn' op, in mienskip fan boeren en boargers dy't ferbine wolle. Omrop Fryslân socht it ferhaal achter dizze bysûndere man op, oan de râne fan Menaam yn in grutte buorkerijwinkel. De grutste fan Fryslân.
    15 min
  • "Toen ik de zon en de maan tegelijk zag" yn it Fries Museum.
    Doe't de Iraansk Nederlanske Keunstner Tina Farifteh fan Amsterdam nei Seisbierum ferhuze, seach se dat de ynwenners fol mei de fuotten yn de Fryske klaaie steane. Sels fielt se har ûntwoartele. Se is as 13-jierich famke, mei har famylje, flechten fan Iran nei Nederlân. Yn Seisbierum fielde se ferbining mei it it lânskip, benammen op de seedyk. Tina begûn te te filmjen en sa ûntstie de fideo-ynstallaasje "Toen ik de zon en de maan tegelijk zag". Ferline jier wie dit te sjen op it Breda Fotofestival, no is de ynstallaasje oankocht troch it Fries Museum. "Toen ik de zon en de maan tegelijk zag" is fan 24 maaie ôf te sjen. Buro de Vries gie nei Seisbierum en socht Tina op.
    15 min
  • Meeuw jonge theatermakers bringt Protestsongs skreaun troch jongeren
    Explore the North en Meeuw jonge theatermakers liede talintfolle skriuwers tusken de 14 en 18 jier op. It is ien fan d epoaten fan Meeuw jonge theatermakers en harren nijste projekt fynt by dy jonge skriuwers syn oarsprong. Fjouwer fan har ha 'protestsongs' skreaun. Teksten oer saken dêr't se har boas oer meitsje, dêr't se bang fan wurde of dy't se feroarje wolle. 
    20 min
  • "De Skoatterlânske Jordaan" - Joadske ûnderdûkers fûnen in plak
    Yn de oarloch wie de Schoterlandse Compangonsfeart tusken De Knipe en Jobbegea in bron fan ferset. Omdat der mear as 140 Joadske ûnderdûkers ferstoppe sieten waard de streek ek wol de Schoterlandse Jordaan neamd. Twa fersetsminsken ha no 80 jier letter in plaquette krigen om harren heldhaftige wurk te earen: Hendrik Marcus de Jong en Roel Vis. De iene wie kommunist en de oare swier grifformeard. Ien fan de minsken dy't troch se rêden waard is de no 98-jierrige Ben Troostwijk. It Buro wie by de ûntbleating en hearde wêrom't krekt de ferskillen tusken de twa manlju de gearwurking sa krêftich makke.
    13 min
  • Tentoanstelling On(t)schuld yn Feanhuzen: Bern fan foute foarâlders en harren gefoel
    Yn de tiden dat we de slachtoffers fan de Twadde Wrâldoarloch betinke en 80 jier frijheid fiere is der ek it ferhaal fan de dieders. En benammen it neiteam. Hoe is it om derachter te kommen dat heit, mem of pake 'fout' wie yn de oarloch? Je kinne stelle dat de útstelde slachtoffers binne. Skamte, fertriet en ûnrêst oer de dieden fan je foarâlders kin grut wêze. Wylst je der sels part noch diel oan hiene kin it je libben ûntwrichtsje. Yn it gefangenismuseum yn Feanhuzen is der in tentoanstelling oer: On(t)schuld. We rinne mei Willem Stohr fan it museum troch de foarstelling
    16 min
  • De kreative Heine Koonstra fan Ikkerwâld waard oppakt by in razzia, mar kaam nea werom...
    Yn it Damwâldster museum De Sûkerei is op't heden in bisûndere útstalling te sjen. Dêryn stiet it libben en it kreative wurk fan Heine Koonstra sintraal. Heine waard, krekt as syn broer Sijtze, yn febrewaris '44 oppakt by in razzia ûnder Ikkerwâld en yn Dútslân te wurk steld. Heine kaam nea werom: hy stoar op 25 april '45, dus ten tide fan de befrijing, oan TBC yn in hospitaal by Bûchenwâld. Dat syn ferhaal no ferteld wurdt troch dizze útstalling, komt benamme troch Age de Graaf. Ferline jier gie De Graaf troch guod fan syn heit Jan, dy't tagelyk mei Heine oppakt waard. Hy ûntduts fan alles oer saken dêr't syn heit nea oer prate woe. Ut de stikken bliek bygelyks dat hy mei Heine en oaren fia de gevangenis fan Ljouwert en kamp Amersfoort yn Buchenwald bedarre. Age de Graaf biet him fêst yn dit stikje mienskiplike skiednis fan syn heit Jan en Heine Koonstra. It smiet in skat oan ynformaasje op, dat foar in part no op de útstalling te sjen is....
    14 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

165 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

79 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

26 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

247 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

31 Listeners