Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Frijwilligers bringe museum Huis Van Eysinga ta libben.
    Frijwilligers, de measte organisaasjes kinne net sûnder. Sa ek it museum "Huis van Eysinga" yn Ljouwert. Ast dit museumhûs binnen stapst, makkest in sprong yn de tiid, werom nei de 18e ieuw, doe't it hûs eigendom wie fan de famylje Van Eysinga. Frijwilligers soargje foar de ûntfangst en jouwe de húzen fleur en kleur. En se kinne wer wat nije frijwilligers brûke. Klazina Hofstee gie nei it Van Eysingahûs en krijt in rûnlieding fan koördinator Femke Feddema en de frijwilligers Makke Hepkema en Bonnie van der Veen.
    15 min
  • Froulju fan Fryslân: Anke Beenen
    It Keninklik Frysk Genoatskip bestiet 200 jier yn 2027. Om dat de fieren, jouwe sy in jubileumboek út mei dêryn oandacht foar 200 froulju dy't libbe hawwe tusken 1827 en 2027, en yn harren libben in opfallende prestaasje dien hawwe, of dêrnei in opfallende reputaasje krigen hawwe. Yn de oanrin nei de ferskining fan it boek yn 2027, ljochtet haadredakteur Tialda Hoogeveen eltse moanne by Buro de Vries in opfallende frou derút, troch in pear opmerklike feiten te fertellen oer har libbensrin. Hjoed is dat reedrydster Anke Beenen.
    7 min
  • Eelke (68) mocht syn stamseldonor gjin pompeblêdekaart stjoere
    Minsken dy't bloedkanker - leukemy - hawwe, kinne yn guon gefallen wer better wurde mei stamseltransplantaasje. De pasjint krijt dan nije stamscellen fan in donor. Stamsellen binne sellen dy't yn it bonkemoarch, it beenmerg sitte. Se kinne harsels fernije en kinne alle typen bloedsellen oanmeitsje. Mar om sa'n transplantaasje dwaan te kinnen, binne der minsken nedich dy't stamsellen donearje. In eardere kollega fan Buro de Vries is sa'n stamseldonor: Annagreet Hofman-Miedema. Hjoed it ferhaal fan har as donor. En ek it ferhaal fan Eelke Heidinga út Ljouwert dy't in stamseltransplantaasje nedich hie. 
    32 min
  • Anorexia is in rupsje nooitgenoeg dy't hieltiid minder wol
    Anorexia. 4 Prosint fan de famkes en froulju hat de ytsteurnis, sa docht bliken út ûndersyk. En dat is miskyn noch in ûnderskatting. In oandwaning dy't dreech te bestriden is. Oan de universiteit fan Grins is der no in bisûndere learstoel om te ûndersykjen hoe't dat komt en wat der better kin by behannelingen. Klaske Glashouwer sil dit ûndersyk dwaan. Ien dy't hiel goed wit hoe swier it is om te herstellen fan Anorexia is Naomi van der Wouw. Se skreaun in boek oer har striid tsjin Anorexia. Yn dizze reportaazje fertelt ek sy har ferhaal.
    38 min
  • Buro de Vries special oer ferkiezings yn Dútslân
    We hawwe it oer út Oasterburen , Dútslân. Nije wike gean se dêr nei de stimbus. En dat kin ek gefolgen hawwe foar út provinsje. We prate der oer mei honorêr consul fan Dútslân Sieger Dijkstra. En wat betsjutte de Dútsers foar ús toerisme. Martin Cnossen fan Merk Fryslân fertelt deroer. En hoe sjocht in Dútske Friezinne nei de sitewaasje yn har heitelân? Barbara Wijbenga Kleinschmid jout har fisy. En ek Dútslânkenner Bearn Bilker, en âld korrespondint yn Dútslân Margriet Brandsma skine harren ljocht op de ferkiezings nije wike.
    42 min
  • Willem Brouwer (83) wie mantelsoarger foar syn frou: "Ik voelde me de manager van een éénmanskliniek"
    "Ik wilde haar in haar waardigheid laten", seit âld-gynekolooch Willem Brouwer (83) oer tsien jier mantelsoarch foar syn frou. Syn frou Tineke wie foar har pensjoen anestesiolooch yn it sikehûs MCL yn Ljouwert. Al gau nei har pensjonearring krige se Alzheimer. Brouwer hold alle dagen in deiboek by oer harren libben tegearre. It ferslach resultearre úteinlik yn twa boeken. Brouwer jout geregeld in lêzing oer syn ûnderfining as partner fan in frou mei Alzheimer en oer syn rol as mantelsoarger.
    10 min
  • Operasjongeres Hebe Dijkstra is 83 mar net âld!
    Se is 83 en hat in romrofte karriere yn de operawrâld hân. En no stiet se wer op de planken. Hebe Dijkstra fan Twizelerheide. As famke fan 11 wist se it al. "Ik wurd sjongeres". Op har 83e is it noch net klear. Mei it autobiografyske stik "Coming of age" fertelt en sjongt se mei twa kollega's harren ferhaal oer de operawrâld en wat âlder wurden dêryn betsjut. In petear mei in bysûndere frou dêr't de libbenskeunst fan ôf spat.
    26 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

165 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

79 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

26 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

247 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

31 Listeners