Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • It libbensferhaal fan Tjalling van der Berg
    Tjalling van den Berg hat in rike karriere achter de rêch yn de sport as coach. Hy wie haad-turncoach op it Hearrenfean, bûnscoach by it keatsbûn, dosint oan it CIOS en is ek ferbûn oan it jeugdfuotbal fan SC Hearrenfean. Sûnt 2013 stoartte hy him op eco-coachen. Mear sjen nei de minsk achter de sporter. De omslach makke hy ûnder ynfloed fan syn dochter Berbeer. Sy wie topturnster en letter studearre se sportpsychology. No wurkje se tegearre. Wat driuwt de 74 jierrige Van den Berg? Wat makke hy mei yn syn libben. Hoe gie hy om mei it ferlies fan syn soantsje Reinder Tjalling dy't op 4 jierrige leeftiid ferstoar. En hokker muzyk heart by syn libben? Yn de podcast de antwurden op dy fragen.
    1 hr
  • It libbensferhaal fan Tjalling van den Berg
    It alderslimste dat je as folwoeksene oerkomme kin, barde yn it libben fan sportcoach Tjalling van den Berg. Hy ferlear op jonge leeftiid in berntsje. Reinder Tjalling waard mar fjouwer jier âld. It wie de grutste tsjinslach yn it libben fan Van den Berg. Dochs helle hy dêr ek wer krêft út. "Ik betocht dat ik it libben fan Reinder Tjalling libje moast, en dat haw ik dien." It toant de fearkrêft fan de 74-jierrige Van den Berg.   Yn syn libbensferhaal fertelt de turncoach en tsjintwurdich eco-coach oer syn libben.
    1 hr
  • It libbensferhaal fan waarman Klaas Ybema
    Hjoed it libbensherhaal fan waarstatistikus en skriuwer Klaas Ybema. Al mear as 50 jier mjit hy alle dagen it waar. Syn fassinaasje foar dat waar begûn doe't hy in lyts jonkje wie en opgroeide op in pleats op 'e romte flak efter Wytmarsum. Klazina Hofstee gie mei Klaas Ybema werom nei it plak fan syn jeugd.
    51 min
  • It libbensferhaal fan Tjalling van den Berg
    Tjalling van den Berg hat in rike karriere achter de rêch yn de sport as coach. Hy wie haad-turncoach op it Hearrenfean, bûnscoach by it keatsbûn, dosint oan it CIOS en is ek ferbûn oan it jeugdfuotbal fan SC Hearrenfean. Sûnt 2013 stoartte hy him op eco-coachen. Mear sjen nei de minsk achter de sporter. De omslach makke hy ûnder ynfloed fan syn dochter Berbeer. Sy wie topturnster en letter studearre se sportpsychology. No wurkje se tegearre. Wat driuwt de 74 jierrige Van den Berg? Wat makke hy mei yn syn libben. Hoe gie hy om mei it ferlies fan syn soantsje Reinder Tjalling dy't op 4 jierrige leeftiid ferstoar. En hokker muzyk heart by syn libben? Yn de podcast de antwurden op dy fragen.
    1 hr
  • It libbensferhaal fan aktrise Marijke Geertsma
    Buro de Vries giet dizze simmer mei bekende, âldere Friezen werom nei it doarp of de stêd dêr't se opgroeid binne. Dêr wurde herinnerings ophelle en prate we oer it Libben.  Mei aktrise Marijke Geertsma binne wy yn Jobbegea tredde slûs. Se fertelt oer har bernejierren, har karriêre as beukerjuf en aktrise, it al of net skieden hâlden fan privee en wurk, gelokkige tiden, drege tiden en de lessen dy't se leard hat.   
    57 min
  • Hagar Neter oer har protest tsjin de oarloch yn Gaza
    Protestearje tsjin je eardere regearing. De Israelyske Hagar Neter docht it fan Minnertsgea út. Tagelyk fernimt se dat prate oer de oarloch mei freonen en famylje út Israël noch altyd dreech giet. "Ze zijn gebrainwashed." Al 23 jier wennet Neter yn Fryslân. Dochs lit Israël har net los, hielendal net no't de oarloch tsjin Hamas yn Gaza wer bot oplaaid is. "Ik word er mee wakker en ga er mee slapen." Se ferliet it lân fanwegen de stress dy't se dêr hie, troch alle ûngeregeldheden. "Ik had een fantastische baan in Israël, bij een beveiligingssysteem bij een bank. Het verdiende goed, maar ik had behoefte aan rust." Se koe yn har thúslân mar dreech ûntspanne. "We leefden tussen onder andere Libanon en Saoedie-Arabië, die buren zijn niet altijd de leukste. Er kan van alles gebeuren. Het is leven in angst."
    22 min
  • In rûntsje om 'e tsjerke kuierje mei Fokko Bosker
    Stichting Tsjerkepaad bestiet 20 jier en dat fiere se mei in bysûnder kuier- en fytsboek, makke troch kuiersjournalist Fokko Bosker. Yn it boek "Rondjes om de kerken" steane 26 pylgersrûtes yn Noard-east Fryslân. Klazina Hofstee trof Fokko Bosker flakby de Mariatsjerke fan Oentsjer en makke in rûntsje om dy tsjerke...
    21 min
  • Robert Adjiet oer syn boek "Van de Vrijheid en de Fries"
    Wat is fryheid en wêrom wol in Fries sa graach fry wêze? It binne fragen dy't skriuwer Robert Adjiet himsels stelde doe't hy in pear jier ferlyn kaam te wenjen yn Harns. Adjiet, berne yn Suriname en opgroeid yn Bûtenpost, hat jierren yn de Rânestêd wenne en dêr fielde hy dy fryheidsdrang by de minsken om him hinne hielendal net. Wêrom dan wol yn Fryslân? Robert Adjiet gie op syk nei skiednisferhalen, mythes en filosofyske beskôgings en skreau it boek: "Van de Vrijheid en de Fries". It Buro moetet Adjiet flakby Jirnsum, by it rivierke de Boarne, in wichtich plak yn de skiednis fan de Frije Fries.
    14 min
  • Ut it Libben: Rinse Strikwerda (1946 - 2024)
    'In topûndernimmer mei in fin mear as in bears', sa wurdt Rinse Strikwerda typearre. Strikwerda ferstoar yn maaie en wie doe, mei in fermogen fan 1,7 miljard euro de rykste Fries, neffens it sakeblêd Quote. Hy waard ryk mei de ferkeap fan in IT-bedriuw en mei tal fan ynfestearings. Yn Wytmarsum begûn Strikwerda 25 jier lyn op in grutte, moderne pleats mei buorkjen. Buro de Vries sjocht dêrop werom mei materiaal út it argyf, mar lit ek oare ûndernimmers út it doarp oer him oan it wurd. 
    26 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners