Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • In karakterysk byld: Benita Rinsma mei oan beide hannen in Joadsk berntsje
    Yn har relatyf koarte libben hie Benita Rinsma hiel wat by de ein: Se wie ferpleechster en stewardes en wurke yn Ynje en Fenezuela. Dat jout wol oan dat se fan aventoer hold mar har grutste aventoeren belibbe sy yn'e oarloch doe't se meiholp by de smokkel fan Joadske bern út Amsterdam nei Fryslân.Yn 1943, doe't yn it hiele lân de deportaazjes fan Joaden op gong kamen, dûkte Henk Kluvers ûnder yn it gesin Rinsma. Hy wie in kammeraat fan Piet Meerburg dy't yn Amsterdam in smokkelnetwurk opsetten hie. Joadske bern waarden út de kresj foar de Skouburch oer nei Limburch en Fryslân smokkele. Henk Kluvers soarge der foar dat de bern yn Fryslân plak krigen. Hy die in berop op Benita en sy stimde ta. Mei oan eltse hân in bern, brocht Benita de bern nei ûnderdûkgesinnen en tegearre 'boarten' Benita en Henk regelmjittich foar 'troud stel mei poppe'.  
    11 min
  • De muzikale woartels fan Kaspar groeiden yn de oarlochsjierren yn Abbegea
    Kaspar - de artystenamme fan Wiebe Kaspers - de 'Ambassadeur fan de Frijheid' foar Fryslân, giet op syk nei syn muzikale woartels en komt in bysûnder ferhaal op it spoar dat begjint yn de oarlochsjierren yn Abbegea. Syn beppe Durkje hat doe nei alle gedachten meisongen yn de Mattheüs Passion yn Abbegea. Yn 1942 waard de Mattheüs dêr útfierd troch in doarpskoar, ûnder lieding fan Jeanne Gerretsen, dy't út Den Haach wei nei Abbegea ferhuze wie omdat it libben dêr minder gefaarlik wie. It is eins ûnfoarstelber hoe't se dat foarelkoar krigen hat, mar it wie in grut sukses. In jier letter ferhuzen se foar de útfiering nei Boalsert omdat de belangstelling te grut wie foar de lytse doarpstsjerke fan Abbegea. Dêrmei wie in tradysje berne: alle jierren wurdt yn Boalsert de Mattheüs útfierd. Sûnt seis jier sjongt Wiebe syn mem dêryn mei en ek Wiebe sels hat ien kear meisongen. Krekt as syn beppe dus.
    22 min
  • De oarloch liet djippe groeden nei yn it libben fan koerierster Bé de Jong
    Koerierster Bé de Jong wie yn de oarloch moedich en koelbloedich. Mar letter docht bliken dat dy spannende jierren djippe spoaren neilitten ha: se rekket oan de drank en hjoed-de-dei soene wy sizze dat se PTSS oprûn.  Nei de legere skoalle bleau Bé earst thús om foar it húshâlden en de oare bern te soargjen. Letter kaam se te wurkjen yn in winkel en dêr waard se troch in âldere kollega by it ferset behelle. Se waard koerierster yn Snits en stie bekend om har fernimstigens en oerhearrigens. Nei de befrijing bleau Bé by har âlden yn Snits. Se wie in soad op 'e Snitser Mar te finen, dêr't se swom en sylde.  Har libben naam in nije draai doe't se op dy mar Hendrik Verhaar moete, in garismatyske sportleafhawwer dy't foar Shell yn Fenezuela wurke.  Se trouden yn 1950, wêrnei't se tegearre in nij libben begûnen yn Súd-Amearika. Mar it dochterke dat se dêr krigen wie net sûn en dat wie reden om werom nei Nederlân te gean. Hjir krigen se noch twa bern. It gelok like har lykwols net gund, want it needlot sloech ta yn 1961, doe't Hendrik by in tragysk auto-ûngelok om it libben kaam. Bé waard widdo op 38-jierrige leeftiid, mei trije jonge bern. De demoanen út it ferline efterfolgen har ta har lêste azem. Se hie te lijen fan eangstoanfallen en nachtmerjes en rekke oan 'e drank. 
    11 min
  • Pieter sa Hieter, dj op Fryske grûn
    Wrâldferneamd op Fryske boaiem. Dat is Pieter sa Hieter yn de dance scene. Mei syn eigen fertolkingen fan ûnder oaren it Woanskip en in Nije dei ûnderskiedt hy him op eigensinnige wize fan oaren. Oh en fier oer de grins hoecht it ek net fan him. Sels kom ik noait op sokke parties en sit ek hielendal net yn de dance muzyk. In útdaagjend jûntsje op stap dus twa wike lyn. Mei Pieter en syn maten. Want dj's dogge in soad mei mekoar en elkenien kin elkenien.
    27 min
  • Mei fjildman Wybren Bruinsma te aaisykjen
    Wybren Bruinsma fan Winsum is in fjildman yn ieren en sinen. Hy is gauris yn'e greiden te finen, as neisoarger en as jager. "It sit yn myn genen" seit er der sels oer. It Buro luts ek de learzen oan om al aaisykjend, te praten oer greidefûgels, greidefûgelbehear, neisoarch en registraasje. 
    11 min
  • De iennige frou by de KP dy't meidie oan wapene oerfallen: Bouwina Meindertsma
    Har namme komt miskien net yn de skiednisboeken foar as in fersetsikoan, mar komselden hawwe der drystmoediger fersetsfroulju west: Bouwina Meindertsma, berne yn Wytmarsum en lang wykferpleechster west yn Arum. Foar in aventoerlik ynstelde frou as Bouwina wie it fanselssprekkend om har yn te setten foar it ferset. As froulike KP'er (KP stiet foar knokploech, it wie it wapene ferset) naam se diel oan inkele wapene aksjes. Foar safier bekend wie se de iennige frou yn Fryslân dy't dat die. 
    12 min
  • De tekeningen fan Erna Rozenberg
    Erna Rozenberg wie in jong Joadsk famke út Ljouwert dat de ferskrikkings fan de oarloch ûntflechte troch te tekenjen. En dy prachtige, kleurrike tekeningen binne no te sjen yn it Historisch Centrum Leeuwarden. Erna hat de oarloch net oerlibbe, se waard yn 1942 fermoardde yn Auschwitz. Net ien wist fan it bestean fan har tekeningen, oan't de Amsterdamse Tonnie Koekkoek se fûn op in rommelmerk. Mei help fan har freondinne Lenie Snippe gie se op syk nei it ferhaal fan Erna. Klazina Hofstee rûn mei Tonnie en Lenie troch de eksposysje "Erna Ontvlucht de Oorlog in Tekeningen." 
    17 min
  • Boek fan Adwin de Kluyver oer wûnderlike eilannen
    Nei twa boeken oer de poalgebieten komt skriuwer en histoarikus Adwin de Kluyver út Ljouwert no mei in boek oer eilannen. Yn "de eilanden van goed en kwaad" komme tachtich eilannen oan bod. Eilannen hawwe de Kluyver altiid fassinearre. As jonkje lies hy de boeken fan Robinson Crusoë en Tom Sawyer en fantasearre hy oer libje op in ûnbewenne eilân. In eilân is in wrâld yn it lyts en it is it ideale plak om in utopyske mienskip te foarmjen, in paradyske op te bouwen. Mar it is ek in plak om eksperiminten út te fieren, finzenen op te sluten en om wittenskiplik ûndersyk te dwaan.Yn 'de eilanden van goed en kwaad' beskriuwt de Kluyver hoe't de minsk yn'e rin fan de iuwen eilannen brûkt hat as laboratoarium, as lokaasje foar natuerlike en sosjale eksperiminten. It leveret in mjuks fan in reisferhaal, in skiednisbeskriuwing en in neislachwurk op. De Ljouwerter skriuwer fertelt oer filosofen, fantasten, wittenskippers en dreamers en nimt de lêzer mei de hiele wrâld oer.
    21 min
  • Wieke Bosch, anargistyske fersetsheldin dy't har libben joech
    It libbensferhaal fan Wieke Bosch fan Ljouwert rint oer fan karren dy't tsjin de noarm yngiene en tsjûgje fan idealisme, in frije geast en berettens. Se drukte as anargiste har stimpel op it Fryske ferset. Yn in rige oer Fryske froulju yn it ferset fertelt skriuwer Hessel de Walle oer Wieke Bosch, dy't har libben joech foar har idealen. Se ferstoar yn kamp Ravensbrück.   
    11 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners