Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Sippy Tigchelaar oer har reedrydkarriêre en har wurk foar de Omrop
    Sippy Tigchelaar groeide op yn de polder, yn Tollebeek om krekt te wêzen. Se learde dêr it reedriden op de pleatselike iisbaan en mei har heit ried se al hiel jong grutte tochten. It opgroeien op dy wynderige, keale flakte hat fan ynfloed west op har reedrydkarriêre tinkt se sels. Op har fyftinde waard se frege om by de reedrydferiening fan Emmeloord te gean en begûn se serieus te trainen. Har ûntwikkeling as reedrydster gie hurd: Doe't se njoggentjin jier wie die se mei oan de Olympyske Spelen yn Sapporo yn Japan. Se waard fjirde op de 3000 meter. Fjouwer jier letter, yn Innsbruck die se net mei: se hie in konflikt mei it reedridersbûn KNSB. Har reedrydkarriêre hold like hastich op as er begûn wie. Hoewol't har oplieding in hiele oare kant út gie, rôle se automatysk yn it radiowurk. Nei opdrachten foar de NOS en Radio Noord die se de AFUK kursus Frysk en begûn se foar - doe noch - Radio Fryslân programma's te meitsjen. Nei 37 jier hâldt se dêrmei op en njonken allerhande (frijwilligers)wurk yn bestjoeren folget se de oplieding ta 'leefstijlcoach". No, op har sântichste, begeliedt se as leefstijlcoach noch altyd groepen en yndividuele minsken. Dêrnêst wurket se ek noch altyd as ZZP-er yn de mediawrâld, want "stilsitte is neat foar my". It libbensferhaal fan Sippy Tigchelaar, optekene troch Geartsje de Vries. 
    1 hr 16 min
  • It lêste jier fan Lieuwe Westra
    Hjir it ferhaal oer it lêste jier fan profhurdfytser fan Mûnein Lieuwe Westra. Westra stoar 14 jannewaris yn Zwaagdijk op 40 jierrige leeftiid, oan in overdosis drugs. De femylje hat dêrfoar bot mei syn depresjes en ferslavings wraksele. In weromblik op it libben en lêste jier fan Westra troch de eagen fan de femylje, freon Freddy Haak en biograaf, Thomas Sijtsma.
    45 min
  • Fryslân moat in echte 'bûtenwurk provinsje' wurde
    Bûtenwurkje is goed foar de minske. Neffens allerhande wittenskiplik ûndersyk wurde minsken kreätiver en produktiver en ha se mear enerzjy as se bûten wurkje. Merk Fryslân, de organisaasje foar Fryslân promoasje, wol dêrom dat Fryslân foaroprinner wurdt yn it bûtenwurkjen. Buro de Vries giet op ûndersyk en besiket de 'hoe, wat en wêrom'fragen beantwurde te krijen.
    28 min
  • De lêste goal fan Eward
    Eward Sijbrandij, in boeresoan út Abbegea, makke karriêre yn de wrâld fan de 'reuzerêden'. Oeral op 'e wrâld draaiden syn grutte attraksjes fan Skywheel. Mar Eward is der net mear. Hy ferstoar op 18 desimber, noch gjin 35 jier âld, yn it Amearikaanske Saint Louis dêr't er mei syn frou en twa jonge bern wenne. Fuotbaljen wie syn grutte passy. By VV Nylân, mar ek yn Amearika. Dêr skoarde hy dy 18e desimber noch in moaie goal, dy't fuort syn lêste wêze soe. Wa wie Eward? Hoe groeide hy op? Wat wiene syn idealen en hoe bedarre hy tusken de reuzerêden en hoe yn de VS? Mei syn âlders, syn suster, syn freonen en syn skoal- en fuotbalfreonen makke Buro de Vries in portret fan Eward Sijbrandij yn de audiorige 'Ut it Libben...'.
    29 min
  • Slachtofferhulp: Frijwilligers dogge wurk dat der ta docht
    It wurk fan Slachtofferhulp Nederland is faak fan grutte betsjutting foar slachtoffers fan in misdriuw of in ûngelok, wylst dat wurk foar in grut part dien wurdt troch frijwilligers. No't alle ôfdielingen op de lokaasje yn Ljouwert by inoar sitte en de ferwachting is dat der mear oanjeftes komme, is der ferlet fan mear frijwilligers. In reportaazje mei meiwurkers fan Slachtofferhulp en mei in mem dy't gebrûk makke hat fan Slachtofferhulp doe't har soan slachtoffer waard fan mishandeling.
    22 min
  • Yn hert en nieren..... in ferhaal oer orgaandonaasje
    Kees Verdonk fan Rie hie troch in sykte driuwend ferlet fan in nier omdat syn eigen nierfunksje noch mar fjouwer persint wie. Fia in Facebook-oprop krige hy der ien fan Carolien de Jong fan De Gaastmar. De match wie net allinnich foar Kees in boppeslach, sa soe bliken dwaan. Beiden waarden foar altyd mei inoar ferbûn: Yn 'Hert en nieren'...
    37 min
  • Buro de Vries Nijsfoarum 7 maaie
    Yn it nijsfoarum besprekke Piet Fortuin(foarsitteer CNV), Joyce Walstra(foarsitter MKB Noord) en Harry Bevers (Twadde Keamerlid PvdA)  it nijs fan de ôfrûne wike. We hawwe it oer de kroaning fan Kening Charles, de stakingsgolf en de polarisaasje. 
    48 min
  • Gerrit Breteler is siik
    Sjonger, keunstner en skriuwer Gerrit Breteler is siik. Fiifentweintich jier lyn Is hy al ris operearre fanwege kanker yn it hert, yts dat hast noait foarkomt. Der is doe in grut geswel fuorthelle. Nei dy operaasje hat Gerrit Breteler eins noait wer lêst hân fan syn hert. Oant de foarige simmer.
    21 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

161 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

27 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

248 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners