Yn it nijsfoarum beprate Ria Kraa(haadredakteur Friesch Dagblad), Harry Oosterman (âld boargemaster en no foarsitter wolvekommisjes) en Harry Bevers(Twadde Keamerlid VVD) it nijs fan de ôfrûne wike. It giet oer Oranje, Thialf, amateursport en jild en Oekraine.
25 jier nei dato ferskynt der in boek oer de dûbelde moard yn Eanjum. Op it terrein fan pensjon Het Station waarden mei de krystdagen fan 1997 twa lichems fûn. Pensjonhâldster Marianne van der E. waard as skuldige oanwiisd.Yn it boek 'De heks van Anjum' beskriuwt sjoernalist Margriet Brandsma wiidweidich hoe't de situaasje doetiids yn Eanjum wie. Troch petearen mei freonen krijt de lêzer in yndruk fan Marianne van der E. En dy yndruk is twaslachtich: in soad freonen beskriuwe har as in tige sosjale, aardige en humoristyske frou. Tagelyk krijst as lêzer ek it byld fan in frou dy't it paad sa no en dan bjuster is. In frou dy't frjemde dingen docht en rûzje makket. Hoe fierder Margriet Brandsma komt mei har ûndersyk, hoe faker se tsjin fraachtekens oanrint. Guon saken doge net en hoewol't se net sizze kin dat Marianne ûnskuldich is, wurdt har wol dúdlik dat fan it begjin oan Marianne as dieder sjoen is en dat alles dat dêr nei wiist troch it Iepenbier Ministearje meinommen is. Der binne lykwols ek saken dy't net yn it ferhaal passe.
Der wurdt wol skreaun yn de Bildtske taal: oant ferline jier wie dêr noch de Biltse Post en der binne kollumnisten dy't Bildtsk skriuwe. Mar in Bildtske roman wie der noch net. Dat is feroare, no't Gerard Marcel de Jong - de eardere haadredakteur fan de Biltse Post - syn roman "Blau fan dagen, griis fan ônrust" skreaun hat. De roman spilet foar it iene part op it Bildt en foar it oare part yn Baskenlân, dêr't de Jong foar it projekt 'oare wurden' twa moanne wenne hat. Buro de Vries prate ôf mei Gerard de Jong foar in kuier oer de seedyk by Westhoek.
It nijsfoarum, mei dit kear te gast PvdA twadde keamerlid Habtamu de Hoop, riedslid en wetterskipsbestjoerder Otto van der Galiën en LC sjoernalist Patrick van't Haar. We hawwe it oer de oarloch yn Oekraïne en de winter dy't foar de doar stiet, it WK fuotbal mei SC Hearrenfeankeeper Andries Noppert yn de goal en wol of net in statement ôfjaan, de opkeapregeling foar boeren en gjin festivals mear yn de Griene Stjer.
It nijsfoarum, mei dit kear te gast fraksjemeiwurker Femke Wiersma fan de Boer Burger Beweging, Frank Petersen fan de Waadferiening en Tom van Mourik, âld boargemaster yn Smellingerlân en Menameradiel. We hawwe it oer Amearika, wynmûnen en de klimaattop.
Muzikant en berchbeklimmer Ilan Palstra út Warkum woe 'de berch fan de siel' beklimme, de 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. It waard 'de berch sûnder top'.It is de berch fan de siel. De 8163 meter hege Manaslu yn Nepal. Ilan Palstra woe dy berch beklimme. Earder hie er ek al oan ekspedysjes meidien. Bergen fan mear as 6000 meter en ek ien fan mear as 7000 meter. Dat binne gjin lytskes. Mar de berch fan de siel waard de berch sûnder top.Nei in moannenlange tarieding soe it ein septimber barre, mar min waar siet yn de wei, en ek de sûnens rekke op. Dêrby kaam ien fan de haadsherpa's (helpers en gidsen fan de beklimmers) om it libben by in lawine. In desepsje en fertriet foar de sherpa's, mar ek de klimmers. Ut respekt gean se nei de begraffenis fan de sherpa. Foar Ilan Palstra ek tige emosjoneel. De frou fan de sherpa sit njonken him by de tsjinst en klampt him ûnder de hiele seremoanje oan. Mar njonken it fertriet oer it ferlies fan de sherpa en de teloarstelling oer it net heljen fan de top is Palstra ek bliid dat hy it aventoer meimakke hat.
Yn Buro de Vries praat it nijsfoarum mei Tjeerd de Groot (D66 twadde keamerlid), Attje Meekma (CDA steatelid) en Gerben Gerbrandy (âld senator en âld boargemaster, FNP-er) oer de stikstofútspraak fan de Ried fan Steate en de gefolgen foar de bousektor en de boeren, it AZC yn Ljouwert en de ekskuses dy't oanbean wurde sille foar ús slavernijferline.
Yn Buro de Vries praat it Nijsfoarum mei Tjebbe van der Meer (fraksjefoarsitter fan it CDA yn Smellingerlân) Hanneke Goede (listlûker foar de SP yn Provinsjale Steaten) en Jenny Douwes (ûndernimmer), ûnder oare oer de enerzjykrisis en it betrouwen yn de polityk.
It nijsfoarum mei Jan Willem Tuininga, riedslid foar de FNP yn Ljouwert, Irene Overduin is sjoernalist by de Ljouwerter Krante en Douwe Beimin is fan it PAS, it Platform voor Armoede en Schulden. Underwerpen: Earmoed en de oanpak derfan, de sitewaasje yn Grut-Brittanië, Oekraïne en Iran. .
42 min
About Buro de Vries (Podcast)
From the publisher's feed
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…