It nijs fan de wike wurdt bepraat troch Albert van Keimpema (VVD-riedslid yn De Fryske Marren), Jaap Stalenburg (PvdA-Steatelid) en Geesje Duursma (hoareka-ûndernimmer en gastfrijheidsekonoom).
It nijs fan de wike wurdt bepraat troch: Femke Wiersma (Keamerkandidaat en fraksje-assistint fan de Boer Burger Beweging), Peter van der Voort (foar D66 lid fan de Earste Keamer) en Rein van der Wal (FNP-Steatelid yn Fryslân).
Freonskip is de rêding fan de mienskip. Dat is de kearn fan it boadskip fan Simon Vuyk út Harns. Vuyk is kriminolooch en wurke 31 jier nau gear mei Peter R. de Vries. Se wiene hiel goeie freonen. Misdie en freonskip klinkt miskien as tsjinstelling, mar troch út freonskip te wurkjen kin de misdie ek better oanpakt wurde, fynt Vuyk.
Simmergast yn Buro de Vries is Sander Warmerdam. Hy is sûnt 2018 haadredakteur fan de Leeuwarder Courant. Warmerdam waard berne yn Súd-Hollân, maar groeide op yn Stiens. Yn it ferline wurke hy ûnder oare by de NOS. In petear oer de sjoernalistyk, mar ek oer de muzyk yn Warmerdam syn libben.
Simmergast yn Buro de Vries is Rennie Rijpma. Se is sûnt 1 july de haadredakteur fan het Algemeen Dagblad. Rijpma (49) is hikke en tein yn Oentsjerk en wennet no yn Amsterdam. Se rôle de sjoernalistyk yn fia in stúdzje rjochten. In petear oer har fak, de krante en har bân mei Fryslân.
In oere oan tafel as Simmergast by Buro de Vries: poadiumkeunster en ûntdekkingsreizger Nynke Laverman. Oer de muzyk en je persoanlike ferantwurdlikheid foar in bettere takomst.
52 min
About Buro de Vries (Podcast)
From the publisher's feed
Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn. Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…