Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • De dream fan Henk Kroes foar Nijkleaster
    Under de namme Nijkleaster, is in groep minsken yn en om Jorwert dwaande mei de letterlike realisaasje fan in nij kleaster. In plak en mienskip foar stilte, besinning en ferbining. In histoaryske, mar fertutearze pleats oan It Westerhûs, tusken Jorwert en Hilaard, moat it nije kleastergebou wurde. Tsjerken, oerheden en fûnzen, soargen al foar in bedrach fan 3,2 miljoen om de earste fase fan de ferbouwing mooglik te meitsjen. Oant pinkster wurdt der noch in oanfoljende aksje fierd. Dy rjochtet him benammen op de duorsumens-ynfestearrings. Sa leit der bygelyks gjin gaslieding nei de pleats en dy lizze jo hjoed-de-dei fansels ek net mear oan. Foar sinnepanielen, mar ek foar skjin- en smoarchwetterfoarsjennings moat ekstra jild komme. Henk Kroes is de saneamde 'bou-pastor' fan Nijkleaster en motor fan de aksje 'Help ons de drempel over'. 
    16 min
  • Ruth de Jonge, in ûnbekende fersetsfrou
    Ruth de Jonge wie in Joadsk famke fan 20 jier doe't de oarloch útbruts. Se wenne mei har famylje oan it Saailân yn Ljouwert. Yn 1942 dûkte se ûnder by fersetsman Krijn van der Helm. Se holp him by it ûnderbringen fan Joadske bern. Se brocht itensbonnen rûn op 'e fyts. Yn 1944 stie se derby doe't Krijn deasketten waard. Ruth oerlibbe de oarloch. Se is no 99 jier en wennet yn Amearika. Oer har wurk yn it ferset hat se noait wat ferteld oan har famylje. No pas, by it iepenjen fan in izeren kistje, is dúdlik wurden wat Ruth de Jonge dien hat. 
    16 min
  • Oarlochsdeiboeken fûn fan predikant Felix van der Wissel
    Der binne deiboeken út de oarloch foar it ljocht kaam fan de doopsgesinde predikant Felix van der Wissel út Ljouwert. Hy preke tsjin geweld en hy brocht yn it geheim Joadske bern ûnder by Fryske pleechgesinnen. Yn ien fan syn deiboeken is sels in anonime brief fûn fan in tsjerkegonger, dy't lid wie fan de NSB, dy't fûn dat Van der Wissel ophâlde moast mei de oarloch te neamen yn syn preken, oars, sa drige de briefskriuwer: soe hy him arresteare litte. De rol fan dûmny van der Wissel yn de oarloch kaam foar syn famylje as in ferrassing. Doe't pakesizzer Baukje van der Wissel it hearde, hat se tegearre mei har broer de deiboeken opsocht om se te lêzen.
    14 min
  • Jan Binnema is syn Fryske pleechheit en -mem tankber
    Jaap en Tine Binnema wennen op in grutte pleats tusken Ferwert en Blije. Se hiene gjin bern. Oant se, oan de ein fan 1943, de soarch krigen oer in lytse poppe fan seis wike âld. In Joadsk berntsje út Amsterdam. By harren oerlibbe it Joadske jonkje de oarloch. Jan Binnema is no 76 jier Jan Binnema fertelt syn ferhaal yn it radioprogramma Buro de Vries oan Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (Ljouwerter Krante), yn it kader fan it projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' It kontakt bleau en Jan bewarret dêr tige goeie herinnerings oan. Hy genoat fan de buorkerij, de bisten en hy mocht mei nei de feemerk. Hy herinneret him syn pleechheit Jaap Binnema as: 'een boom van een man, met handen als kolenschoppen.' Ek mem Tine wie in grutte frou. It echtpear joech him in feilich gefoel. Fan de tiid op 'e pleats oan 'e Ferwerter Ryp hat Jan Binnema net folle taastbere oantinkens. In pear fotootsjes. Jan: 'Een luchtfoto van de boerderij. Eén foto waar ik op schoot zit bij 'heit en mem'. En eentje waarbij ik bij een ren waar de kuikentjes in opgroeiden, met een gietertje sta.' In oar moai oantinken hat Jan noch wol: in readferve klompke. Doe't Jan as lyts jonkje by de Binnema's wenne, wie Henke de Jong in buorfamke fan in jier as alve. Letter holp se dêr yn 'e húshâlding. Se heucht har de lytse Jan noch goed. Se rûn mei him yn de bernewein en se gong mei him te fytsen. Henke is no 87 jier en wennet noch yn Blije. Oant de dei fan hjoed hat se kontakt holden mei Jan.   Yn it radioprogramma Buro de Vries is it petear mei Jan Binnema snein 9 febrewaris te beharkjen. It is de earste kear dat Jan syn ferhaal dielt mei in sjoernalist. Hy docht dat, om syn pleechheit en -mem te earen. Hy hie se graach de Yad Vashem-ûnderskieding ta ha wold, mar dat is der net fan kaam. Ek Henke de Jong fertelt har ferhaal oer de perioade dat Jan yn Fryslân wie.   Jan Binnema woe graach syn ferhaal fertelle oan de sjoernalisten Karen Bies (Omrop Fryslân) en Ines Jonker (LC), ûnder betingst dat er net syn echte namme brûke soe, mar de Fryske namme dy't er as jonkje yn Ferwert krige: Jan Binnema. Hy is oars benaud foar anty-semityske reaksjes. Hy sjocht om him hinne dat yn de hiele wrâld anty-joadske sentiminten wer de kop op stekke. Hy hopet mei syn ferhaal dat minsken toleranter tsjin elkoar oer stean gean, en dat de jeugd wit wat der gebeure kin 'als de ene groep mensen zijn wil oplegt aan anderen'.  
    21 min
  • "Kaal haar" in yndringend persoanlik ferhaal
    "Kaal Haar" is de titel fan in boek dat takom wike ferskynt. Yn it boek beskriuwt Willy Broekstra fan Dokkum mei Paul Peijenburg har striid tsjin leukemy. Mar wylst Willy lang om let opknapt, krijt har man Gerrit in fatale diagnoaze. Op basis fan it boek, makke René Koster foar Buro de Vries in yndringende podcast.
    30 min
  • Wynjewâld: yn 2025 enerzjyneutraal
    Yn 2025 in enerzjyneutraal doarp wêze. Dat is it doel fan Wynjewâld. In groep doarpsbewenners is drok dwaande om dat foarinoar te krijen. Der bart fan alles en de groep hat sels de priis 'Pioniers van het platteland' fan it programma Tegenlicht fan de VPRO wûn. Se rinne mear as 10 prosint foar op omlizzende doarpen kwa enerzjyneutraliteit. Pieter de Kroon en Frans Pool binne twa leden fan WEN, de koöporaasje Wynjewâld Enerzjy Neutraal. Simone Scheffer gie mei de mannen yn petear oer it wêrom fan it inisjatyf, de doelen en ek de wjerstân tsjin in dongfergister dy't se graach hawwe wolle.
    16 min
  • Unike histoaryske lûdsfragminten oer de Sterke Yerke III
    Fjouwer freonen begjinne yn 1979 oan in grut aventoer: se meitsje in seereis op in selsboud flot: de Sterke Yerke 3. Nei de Sterke Yerke 1 dêr't se mei op it Fryske wetter fearn hiene, en de Sterke Yerke 2 dêr't se mei nei Ingelân fearn wiene, kaam it echte wurk: de Sterke Yerke 3. Op 1 augustus 1979 wurde se útswaaid út Harns wei; It doel is Kurasao. Dêr soene se yn jannewaris oankomme moatte. Krekt foar dat eindoel giet it mis: yn de nacht fan 14 op 15 desimber slacht it flot op de rotsen by Bonêre. De fjouwer bemanningsleden oerlibje it en jierren letter wurdt it flot wer boppe wetter helle. It is dus hjoed eksakt 40 jier lyn dat de Sterke Yerke oan syn ein kaam. Ald Ljouwerter Meindert van der Meulen naam in pear wike lyn kontakt mei ús op. Hy hie op de Sterke Yerke 2 meifearn en wie goed befreone mei de fjouwer jongens dy't no de oerstek nei Kurasao meitsje soene. Hy frege him ôf oft wy fan it Buro ek belangstelling hiene foar audiomateriaal dat hy hie fan dy reis fan de Sterke Yerke 3. No, dêr hoegden wy as redaksje net sa lang oer nei te tinken: fansels! Meindert van der Meulen docht syn ferhaal.
    11 min
  • Estha Gobes: "Niemand wist het, maar iedereen wist het"
    De syktocht nei Joadske bern, dy't yn de Twadde Wrâldoarloch by Fryske pleechfamyljes ûnderbrocht binne, is yn folle gong. Der binne al mear as hûndert reaksjes binnenkaam. Ien fan harren is Estha Gobes, berne yn 1939 yn Amsterdam. Hiel bysûnder: der binne lûdsopnames fan lytse Estha.  
    19 min
  • "Wêrom mei ik myn ferhaal net dwaan?" Sandra Rosa fielt har kwetst
    De swarte Pitediskusje is dit jier fûler as ea, ek yn Fryslân. Nei de rasistyske sprekkoaren by de wedstryd fan Den Bosch tsjin Excelsior, krige antidiskriminaasjeburo Tûmba yn in wike tiid 30 meldingen fan rasisme, wylst dat der oars sa'n 4 binne. Ien lûd kaam hiel stevich troch: dat fan Sandra Rosa út de Lemmer. Se is hikke en tein yn Suriname en wennet al 45 jier op'e Lemmer. Nei in post op facebook krige se reaksjes dy't har sear diene. Se melde har by Tûmba en se skreau in brief oan boargemaster Fred Veenstra fan de Fryske Marren. It Buro trof Sandra Rosa op it kantoar fan direkteur Mirka Antolovic fan Tûmba.
    12 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

164 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

25 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

252 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners