Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Flechtlingen yn oarlochstiid yn Eastdongeradiel
    Hast 3.000 flechtlingen krigen yn oarlochstiid ûnderdak yn Eastdongeradiel. Fan saneamde 'bleekneusjes' oant hongerflechtlingen en Arnhemse evakuees dy't nei de operaasje Market Garden harren hûs kwyt rekken. Dy lêste stream kaam 75 jier lyn nei it noarden. Fannewike ferskynde dêrom in tsjok boek mei de ferhalen fan flechtlingen en de 1400 húshâldings dêr't se opfongen waarden. Mei de auteurs, Reinder Tolsma en Doede Douma dûkt it Buro dy skiednis yn....
    12 min
  • Domela Nieuwenhuis, ús ferlosser
    'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betinken en syn gedachteguod yn eare te hâlden. Yn Buro de Vries komme fjouwer gasten oan bar, dy't elts in bân mei de man hawwe, op útinoar rinnende wizen. Yn dizze Podcast Hystoarikus Johan Frieswijk en Meindert Talma, hy makke in muzikaal libbensferhaal oer Domela.
    51 min
  • Domela Nieuwenhuis, ús ferlosser diel 2
    'Us Ferlosser' is moandei eksakt 100 jier lyn ferstoarn. Dat wie de bynamme fan dûmny Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846-1919), de romrofte sosjalistyske en letter anargistyske foarman. Fan ein jierren 1870 ôf besocht Domela as ien fan de earsten mear rjochten foar arbeiders foarinoar te krijen. Yn ús provinsje krige hy in grutte oanhing. Dit jier binne der ferskate aktiviteiten om Domela te betinken en syn gedachteguod yn eare te hâlden. Yn Buro de Vries komme fjouwer gasten oan bar, dy't elts in bân mei de man hawwe, op útinoar rinnende wizen. Yn dizze Podcast komme skriuwster Janny van der Molen en Roel Sluiter, boargemaster fan Harns oan it wurd oer ús ferlosser.  
    52 min
  • "100 jier radio" - út it bertedoarp fan Hanso Idzerda wei
    Op 6 novimber 1919 makke yngenieur Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda de earste radio-útstjoering fan Nederlân. As earbetoan oan him en 100 jier radio, komt Buro de Vries op 3 novimber mei in spesjale útstjoering út Weidum wei, it bertedoarp fan dizze radiopionier. Fanfare de Harmonie Weidum sil spesjaal foar de gelegenheid 3 fan de nûmers út dy alderearste útstjoering live hearre litte. Fierder optredens fan Sytze Haima en Inez Timmer. Te gast binne trije pakesizzers fan Hanso Idzerda: Tobias Idzerda, Henk de Brey en Hanso Idzerda. Fierder praat Huub Wijfjes, bysûnder heechleraar radio en telefyzje skiednis mei. Audiotechnikus Karel Post fertelt mear oer de technyske kanten fan radio en oer it meitsjen fan in harkspul. Kin de radio nochris 100 jier mei? Dêr prate Jan-Durk de Haan (radiokoördinator Omrop Fryslân), Marcel Joustra (radiofanaat dy't noch op de middengolf útstjoert), Huub Wijfjes en Karel Post oer. En ferslachjouwer René Koster is yn Weidum by it bertehûs fan Idzerda, tegearre mei Ant Haima dy't ek yn dat hûs wenne hat en no dwaande is mei in boek oer de radiopionier. Mei Weidumer Klaes Tilma sjocht René by it monumint dat yn it doarp stiet as oantinken oan Idzerda en hy giet nei Tettie Venema om oer eartiids te praten.
    1 hr 42 min
  • Stripheld Jelmer: in Fryske krúsfarder
    De Fryske Jelmer is ien fan de tûzenden krúsfarders dy't yn 1218 de Egyptyske havenstêd Damiate belegeren. Mei hûnderten oare Friezen is hy fan Fryslân út nei de Nijl syld. Damiate is in tige sterke festing mei midden yn de Nijl de machtige 'Kettingtoer'. Neffens krústochtprediker Olivier van Keulen is krekt Jelmer roppen om dizze toer te feroverjen. Se betinke in fantastysk oanfalsplan, mar tagelyk slacht by Jelmer de twifel ta: wat hawwe de Friezen yn Godsnamme yn Egypte te sykjen?
    16 min
  • Ninah Tiemersma makket teäter oer PTSS
    Ninah Tiemersma is in jonge dosinte Gryksk en Latyn yn Ljouwert. Se makke in teäterstik oer har libben en PTSS, post traumatisch stresssyndroom. As jong famke libbe Ninah mei in ferslaafde heit dy't har fysyk en mentaal mishannele. Doe't har mem en sy úteinlik by him weigiene, bleau hy harren stalken. Ninah wie al jong traumatisearre en der waard troch de psycholooch PTSS konstatearre. Yn it stik 'Niet meer alleen' siket se de ferbining fan har libben en trauma's mei dy fan froulju yn de Grykske trageedzjes. Se makke in skripsje oer it ûnderwerp en ûntduts by it lêzen fan de ferhalen dat ek de froulju lykas Andromache en Creüsa dy't se foar har skripsje ûndersocht traumatisearre wiene. It joech har stipe yn it ferwurkjen en se besleat in teäterstik te meitsjen oer de trageedzjes en har eigen libben.
    19 min
  • Fanfare Op Maat repetearret foar Klassiek in de kas
    Fanfare Op Maat fan Berltsum wurket dit wykein mei oan in klassyk konsert op in bysûndere lokaasje: in kas by Bitgum. It is in konsert dat organissearre is troch de Fryske tenor Albert Bonnema. Klassyk oplate musisy bringe wurken fan Mozart, Schubert, Offenbach en oaren en wurde begelaat troch ûnder oaren de doarpsfanfare fan Berltsum. In prachtich projekt dêr't wol stevich foar repeteard wurde moat. Op de fêste repetysjejûn, de moandei, wie it Buro by dy repetysje.
    15 min
  • Ofskied fan in bysûndere keunstner: Zoltin Peeter
    Berne yn Amsterdam, mar al mear as 40 jier ynwenner fan Fryslân. Zoltin Peeter, keunstner yn Hallum. Allinnich wenne hy dêr, op in pleats, en hy wie altyd oan it wurk. Syn keunst hinget yn it Stedelijk Museum, yn it Groninger Museum, yn Museum Belvédère. Hy hie noch lang syn nocht net, Zoltin hold fan it libben. Mar begjin dit jier waard er siik. Slokdarmkanker wie de diagnose, ûngenêslik. Zoltin woe net behannele wurde, en yn in lijenswei de ein ôfwachtsje. Hy plande in datum foar eutanasy. Op 15 maaie is hy ferstoarn, 76 jier. In pear wike foar syn dea, op Peaskesnein, hie Karen Bies in lang ynterview mei him. Oer syn libben en it omgean mei syn sykte, mar foaral oer wat foar him altyd it belangrykste wie: syn keunst.  
    14 min
  • Johannes Wardenier: sjeny of fantast?
    It mystearje Johannes Wardenier libbet mar troch. Koartlyn ferskynde op 'e nij in boek oer him, yn Stienwyk wurdt trije kear in musical oer syn libben útfierd en der is in útstalling oer him ynrjochten. Wardenier soe yn 1934 in brânstofleaze motor útfûn ha. Ynternasjonaal giene de oaljeprizen ûnderút en yn Wolvegea wiene der konkrete plannen foar de bou fan in grutte fabryk. Wolvegea soe dêrmei it Eindhoven fan it noarden wurde, want yn de krisistiid soe der foar mear as tsientûzen minsken wurk komme. Koartsein, Wardenier hie wat útfûn dat de wrâld op 'e koppe sette soe, de krisis oplosse en de macht fan de oaljebaronnen brekke. Mar it rûn oars... Dizze dokumintêre oer Wardenier, makke troch Sippy Tigchelaar foar Omrop Fryslân en de RVU (Radio VolksUniversiteit), waard yn 2002 bekroand mei in NL Award.
    39 min
  • Oarlochsslachtoffer: Koos Boomsma fan Sondel
    Jack Kooistra fan Ljoouwert hat in ûnbidich grut argyf opboud fan 180.000 nammen en oare data fan oarlochsslachtoffers. Ien fan harren is Jacobus Johannes Boomsma, of Koos Boomsma. Hy hie in winkel yn Sondel en soarge tegearre mei syn frou al betiid yn de oarloch foar ûnderdûkplakken foar benammen Joadske bern. Yn novimber 1944 waard er deasketten troch in Dútser. Syn soan Pieter wie doe 2 jier en hat syn heit dus nea kend. Hy kent wol de ferhalen.
    11 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

164 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

25 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

252 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners