Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Podcast: "Einliks mysels..." : Marc Sander waard Manon Eline Veere
    Transgenders fiele har net, of net hielendal, thús yn de geslachtsrol dy't passet by har uterlik. Stadichoan komt dit ferskynsel út de taboesfear. Manon Barendsen út Snits hâldt in blog by oer har transysje fan man nei frou. Dat hâldt hiel wat yn, net allinne lichaamlik, ek psychysk. En net allinne foar de transgender sels, ek foar elkenien dy't om dy persoan hinne stiet. It Buro tekene it ferhaal fan Manon op en prate ek mei in psycholooch en in freondin. De blog fan Manon Barendsens is te finen op www.manonbarendsen.com
    29 min
  • Marc werd Manon
    Transgenders voelen zich niet, of niet helemaal, thuis in de geslachtsrol die past bij hun uiterlijk. Langzamerhand verdwijnt dit verschijnsel uit de taboesfeer en wordt er, mede door de media-aandacht, steeds openlijker over gesproken. Manon Barendsen houdt een blog bij over haar transitie van man naar vrouw. Omrop Fryslân tekende het verhaal op van Manon in een podcast.    
    23 min
  • Peareltsje út it argyf: De Bokwerder taal
    Reportaazje oer it Bokwerds, de taal dy't brûkt waard yn de stikjes fan Bokwerder Belang, in wyklikse rubryk yn de Leeuwarder Courant yn de jierren '70 en '80. Mei unike opnamen fan Rink van der Velde, de skriuwer fan de stikjes. 
    16 min
  • Henk Gemser: 'Ik hie mei him ûnderdûke moatten'
    Fia de telefyzje kamen yn 1967 bylden fan in ferskriklike hongersneed yn Biafra yn de wenkeamers. Deasike bern mei aaklik tinne skonken en dikke opblaasde búkjes. Tsien fan harren waarden nei Nederlân ta helle. Asuquo, in jonkje fan tusken de 6 en 9 jier, kaam yn in refalidaasjesintrum yn Arnhem. Annie Gemser, de frou fan Henk Gemser wurke dêr en naam Asuquo yn de wykeinen mei nei hûs. Sa waard hy opnommen yn de húshâlding. Nei trije jier kaam fan hegerhân it befel dat Asuquo werom moast. Henk en Annie Gemser ha gehoar jûn oan dat befel en Asuquo gie werom nei Biafra, dat ûnderwilens Kongo hiet. Nei in healjier krige de famylje Gemser it berjocht dat Asuquo ferstoarn wie.  
    16 min
  • Peareltsje út it argyf: Fjetnameeske flechtelingen yn Earnewâld
    30 april 1975 kaam der in ein oan de Fjetnam-oarloch. De kommunisten waarden de baas. Elk dy't mar in bytsje fertocht wie waard opsletten, of slimmer noch, riskearde de kûgel. Tusken 1975 en 1995 flechten rom acht en in heal tûzend Fjetnamezen nei it bûtenlân. In part derfan kaam nei Nederlân. Op kemping 'It Wiid' by Earnewâld fûnen likernôch 200 Fjetnamezen in feilich plak. It radioprogramma Buro de Vries sjocht mei ferskillende belutsen werom op dizze tiid. Dizze reportaazje is earder útstjoerd yn oktober 2015.
    24 min
  • Peareltsje út it argyf - It ferhaal fan Gerda Tolk
    Stel, je bin as frou trouwd met in dûmny en je wurde fereale op in froulike diaken yn deselde tsjerke. Dan stiet je wrâld op 'e kop. En dy fan je partner. En dy fan de tsjerke.  Harkje nei in rekonstruksje fan it fasinearende, mar ek dramatyske ferhaal fan Gerda Tolk fan Ljouwert. Yn jannewaris 2016 gongen we mei har werom nei Stiens dêr't it him goed 36 jier lyn allegear ôfspile.
    25 min
  • Peareltsje út it argyf - Rients Gratama
    Rients Gratama ferstoar woansdei 6 septimber 2017 op 85-jierrige leeftiid. Rients Gratama wie kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator. Neffens de kenners sette hy de Fryske kleinkunst op in heger plan. Ta gelegenheid fan syn 75ste jierdei makke kollega Karen Bies yn 2007 in programma mei him. In moai petear oer it publyk troch de jierren hinne, oer it libben en âlder wurde en werom der noch gjin opfolger is.
    37 min
  • 9: Ferhalen fan it Waad - Koarnwertersân

    Koarnwertersân, Frysk doarpke op de Ofslútdyk. Earder ûntstien as wurkeilân tidens de bou fan dyselde Ofslútdyk. Letter wenplak fan de minsken dy't wurken op de sluzen en brêgen. No wenje der noch 22 minsken, is it ferneamd om it Kazemattenmuseum en in favoryt plakje fan guon kampers. It Buro strúnde der in dei om op syk nei de sjarme fan dit bysûndere plak.

    0 min
  • 8: Ferhalen fan it Waad - Roptasyl

    Rotptasyl. It is mar in stipke oan de waadkust by Harns, mar dochs witte in soad minsken fan it bestean. Miskien fanwege it gemaal dat dêr stiet, of de fisk-hevel dy't glês-iel de kâns jout om it swiete Fryske wetter yn te kommen. Mar echt lanlike bekendheid kaam der troch it 'Wûnder fan Roptasyl', no 16 jier lyn. Majella en Klaas Kuiken, doe beiden al om de 50 hinne, krigen folslein ûnferwacht noch in poppe: Maike Jildou. Nei publikaasjes yn tsientallen media stie it lân op 'e kop. Fan oeral op 'e wrâld kamen kaarten, kadootsjes en blommen foar de wûnderpoppe fan Roptasyl. Nei 16 jier sjogge we werom mei heit, mem en dochter.

    0 min
  • 7: Ferhalen fan it Waad - De rêders op it Waad

    It Waad is in prachtich gebiet om te farren. Drûchfalle litte op in plaat, of nei de eilannen sile. Mar it Waad hat ek gefaren, al soe it de boatsjefarder sels mar wêze. De minsken fan de KNRM binne der dan om te helpen of sels te rêden. Yn dizze ôflevering fan 'Ferhalen fan it Waad" ferhalen fan suksesfolle rêdings, mar ek de ramp mei in Dakota en Simone Scheffer dy't meigie op oefening.

    0 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

164 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

25 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

252 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners