Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Pake learde har it waar te fotografearjen
    t NOS sjoernaal lit hiel faak har foto's sjen. Moaie loften, driigjend waar of dizige moarnsfoto's. Se komme allegear foarby yn it waarberjocht fan de waarmannen fan it sjoernaal. Anna Zuidema fan Harns is de hofleveransier. Se fotografearret fan 2009 ôf it waar. Fan har pake oerkrigen. Hy wie ek in waarleafhawwer en sei tsjin de jonge Anna dat der nearne sokke moaie loften binne as by it Waad. Doe't Anna 7 wie stoar har pake. Mar de fassinaasje foar it waar hat se fan him meinaam. Se giet der hast alle dagen op út om de loften en de see te fangen yn moaie plaatsjes. Buro de Vries gie mei har mei op syk nei it momint en plak fan de moaie foto en nei har ferhaal oer passy foar waar en fotografy.
    18 min
  • Geert Postma (79) en Kees Wiersma (77) oer har skipbrek yn 1960
    Metershege weagen sloegen oer it lytse sloepke dêr't Geert Postma en Kees Wiersma yn sieten nei't harren skip de Engonia slachside makke hie. Mei noch acht oare matroazen slagge it harren om 12 oeren lang yn in swiere stoarm mei hagelbuien en tonger te oerlibjen. Se wiene dweiltrochwiet en ûnderkuolle doe't in Frânske fiskersboat harren oppikte. Febrewaris 1960, hast 60 jier lyn, makken Geert Postma en Kees Wiersma de meast eangstige nacht fan har libben mei.
    11 min
  • In tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium
    Jan Fennema fan Feanwâlden waard berne mei in ôfwiking oan de lever. Doe't er fiif jier wie stie er op de wachtlist foar in donorlever om't er sûnder transplantaasje gjin kâns hie te oerlibjen. En doe't se tochten dat er hast oan bar wie, slûch it needlot ta. Wylst mem him efter op de fyts nei skoalle brocht, waarden se oanriden troch in auto. Lytse Jan bedarre op de Intensive Care fan it UMCG yn Grins en heit en mem stiene sels foar it drege beslút om de stekker der al of net út te lûken. Mei in soad Godsbetrouwen waard keazen om it dochs noch in skoftsje oan te sjen. Op wûnderbaarlike wize kamen lichemsfunksjes werom en krige Jan lang om let ek noch in donorlever. No, 20 jier letter, wint Jan Fennema prizen as hurdfyster, helle hy goud op de EuropeanTransplant Games en docht hy letter dit jier sels mei oan de Word Transplant Games. Overlever Dochs set Jan him net allinnich yn foar syn eigen sportive doelen. Hy freget as ambassadeur ek mear omtinken foar de needsaak fan orgaandonaasje en it wurk dat se op dat mêd by it UMCG dogge. In eigen stifting ûnder de treffende namme "Overlever" moat dêr foar soargje. Foar sneon 20 april stiet in bysûnder evenemint fan de stifting op de aginda: in fytstoertocht ûnder de namme "Overlevertocht" oer 20, 46 of 90 kilometer, mei Damwâld as start- en finishplak. De Buro de Vries podcast "in tiidrit fan Intensive Care nei Earepoadium".
    30 min
  • De keunst fan fotograaf Ton Aartsen libbet troch
    De keunst fan heit beheare en fuortsette. Dat is de bedoeling fan Flore en Aagje Aartsen, dochters fan keunstner en fotograaf Ton Aartsen. In pear jier lyn is hy troffen troch de sykte ALS. Mei syn trijen binne se begûn keunst te meitsjen, dêr't ek it ferwurkjen fan de sykte fan heit bot yn sit. De tentoanstelling 'Levenscyclus' is yn jannewaris 2019 iepene. Ton wie dêr by. Op 8 maart is hy ferstoarn. In pear wike foar syn dea praten wy mei it gesin Aartsen. Sy fertelden wat dizze tiid mei elkoar, foar de famylje en foar elts ôfsûnderlik, betsjutten hat. In petear mei Ton Aartsen, syn frou Ank, en de beide dochters Aagje en Flore.
    15 min
  • Plastic-soup surfer Merijn Tinga
    Merijn Tinga is de earste yn ús podcast-rige 'Wrâldferbetterers'. We sykje minsken út dy't de wrâld feroarje wolle, te begjinnen by harsels Mei it opromjen fan plestik is Merijn Tinga al jierren dwaande. As de Plastic Soup Surfer fiert hy aksje om it plestik ôffal te ferminderjen, yn de seeën, de rivieren en de wrâld om ús hinne. Merijn Tinga komt út Ljouwert, is opgroeid yn Grins en wennet no yn Leiden. Hy is biolooch en keunstner en de lêste jierren fulltime 'Plastic Soup Surfer'. Hy stelt de produsinten fan it plestik, dus de grutte bedriuwen, ferantwurdlik foar it plestik ôffal. Dat bart oant no ta te min, fynt hy. Produsinten wize júst altyd op de ferantwurdlikheid fan boargers, de konsumint. Merijn Tinga wiist de produsinten derop dat se séls wat dwaan moatte.
    25 min
  • Nije sjongbondel 'Hertslach' foar 80-jierrige Hindrik van der Meer
    170 'lieten om út te sjongen', sa wurdt de nije Fryske sjongbondel 'Hertslach' omskreun. It giet om nije lieten dy't goed te brûken binne yn tsjerken njonken de bekende psalmen en gesangen. Der binne benamme lieten fan Hindrik van der Meer en Eppie Dam yn de bondel te finen, mar it ferskaat is grutter. It inisjatyf ta de bondel is naam troch it Kwartettekoar, dêr't Hindrik van der Meer al tolve jier as dirigint foar stiet. It kin sjoen wurde as in kado oan de dirigint, dy't dit hiele jier noch mei it koar in ôfskiedstoernee troch de provinsje makket. Dêrnei wol Van der Meer in punt sette efter de aktiviteiten foar it koar. It Buro liet him troch Van der Meer byprate oer de bondel, it koar, syn muzikale neilittenskip en de takomstplannen.
    12 min
  • Skriuwster Fleur van der Bij siket de man dy't har suske dearied
    Op 22 oktober 1996 ferûngelokket Ylse van der Bij op de Haudmare, in smel dykje bûten Tsjalbert. Se is 12 jier wurden. Har âldere suske, Fleur, wie doe 15. No, 22 jier letter, hat Fleur in boek skreaun: "Verkeersslachtoffer 22/10" mei de ûndertitel "op zoek naar de man die mijn zusje doodreed". It ûnferwurke trauma fan 22 jier lyn hat grutte ympekt hân op it libben fan Fleur. Se ûntwikkele in psychyske stoarnis en kaam yn in djip gat. Troch te skriuwen is se der boppeop kommen. Har earste boek - de Nijl in mij - ferskynde foarich jier jannewaris en no leit har twadde boek yn de boekwinkels. Buro de Vries stapte yn de auto en ried mei Fleur van der Bij nei de Haudmare, dêr 't dat needlottige ûngelok 22 jier lyn plak fûn.
    12 min
  • Wopke: "ik kin it allegear noch brûke".
    Der komme hieltyd mear 'hoarders' yn ús lân. Hoarders binne minsken dy't net, of hiel min, harren guod fuort dwaan kinne en hûs en hiem faak fol stean ha. Sûnt 2013 wurdt dizze stoarnis as in offisjele stoarnis erkend. Neffens psycholooch Irma van Steijn kin hoarding net genêzen wurde, mar kinne de minsken wol goed holpen wurde. Jeanet Regnerus is in helpferlienster dy't har mei dizze problematyk dwaande hâldt. It Buro gie mei Jeanet mei doe't se op hûsbesite wie by Wopke.
    31 min
  • It libben as in reis - Het leven als een reis
    ''De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen.'' Dat is de ûnderfining fan teatermakker Tjerk Ridder fan Utrecht tidens syn reis troch Fryslân. Dy makke hy tegearre mei syn Esel Lodewijk. Tjerk wie bot ûnder de yndruk fan de gastfrijheid dy't hy tsjin kaam, want hy moast eltse dei wer in sliepplak fine foar him en syn reisgesel. Sa hat hy ek in nacht troch brocht by soarchynstelling Talant yn Boalsert, dêr't hy koart lyn wer efkes werom wie mei in ferrassing. Wendy Kennedy fan Omrop Fryslân socht him doe op en seach werom op syn lange en bysûndere reis. --- ''De schoonheid en ontroering zit in de alledaagse ontmoetingen tussen mensen.'' Dat is de ervaring van theatermaker Tjerk Ridder uit Utrecht tijdens zijn reis door Friesland. Die maakte hij samen met zijn ezel Lodewijk. Tjerk was erg onder de indruk van de gastvrijheid die hij onderweg tegenkwam, want hij moest iedere dag weer een slaapplek zien te vinden voor hem en zijn reisgezel. Zo heeft hij onder meer een nacht doorgebracht bij Talant, een zorginstelling voor mensen met een beperking in Bolsward. Hij was kort geleden weer even terug in Bolsward met een verrassing. Wendy Kennedy van Omrop Fryslân zocht hem toen op en keek met hem terug op zijn bijzondere reis.
    16 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

164 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

25 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

252 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners