Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • 6: Ferhalen fan it Waad - Moddergat

    Bysûndere ferhalen oan de Fryske waadkust, dy sykje we fan 't simmer yn Buro de Vries. Yn Moddergat treffe we in tal nijsgjirrige minsken, lykas aktrise Anke Bijlsma, dy't as programmeur in kultureel sintrum yn it doarp runt. Mar ek Willem Meinsma, dy't de skiednis fan Peazens-Moddergat beskreau, in Amsterdamske kameraman dy't de wrâld oer reizge mar hjir de rêst fynt, mar ek twa jonge froulju dy't ferantwurdlik bin foar 6.000 (!) skiep dy't no benamme op 'e seedyk rinne. Keunstner Gerrit Breteler sjongt op dy dyk a capella in earbetoan oan de fiskerman en we treffe in boer dy't him net thús fielt yn dizze tiid en útsjocht nei de Maranatha: de 'wederkomst' fan Kristus

    0 min
  • 5: Ferhalen fan it Waad - Joop Mulder
    Joop Mulder is dit kear ús gast yn de rige 'Ferhalen fan it Waad". Mulder naam earder dit jier ôfskie fan 'syn' Oerol, mar stil sitte kin hy net. Hy byt him no fêst yn it projekt Sense of Place. It wurdt in kulturiele rûte by de hiele Waadkust del. Buro de Vries trof Joop Mulder boppe op de seedyk, eagjend oer it Waad. En doe kamen de ferhalen fansels.
    0 min
  • 4: Ferhalen fan it Waad - Biolooch Theunis Piersma
    Biolooch Theunis Piersma is ferslingere oan it Waad. Al syn hiele wurksume libben docht hy ûndersyk nei it Waad en alle systemen dy't dêr plakfine. Hy fertelt oer it unike karakter fan it Waad, de bedrigings en syn leafde foar dit bysûnder natoergebiet.
    0 min
  • 3: Ferhalen fan it Waad - De spagaat fan Ternaard
    De NAM wol fanút it doarp Ternaard in gasbel ûnder de Waadsee oanboarje. Gas dat Fryslân tolve jier fan enerzjy foarsjen kinne soe. Mar gas winne yn in kwetsber gebiet dat boppedat de status fan wrâlderfguod hat, kin dat wol? Buro de Vries sprekt mei foar- en tsjinstanners yn 'De spagaat fan Ternaard'. In reportaazje fan René Koster.
    0 min
  • 2: Ferhalen fan it Waad - Waadrinne
    Yn ús rige oer it Waad hjoed in reportaazje oer waadrinne. 'Wadlopen is het betreden van het Wad bij laagwater, waarbij soms overgestoken wordt van of naar een Waddeneiland zonder het contact met de vaste grond te verliezen'. Sa stiet it op Wikipedia.
    Ik hie noch noait waadrûn mar op freed 30 juny hie ik myn fjoerdoop. Mei in groepke betûfte waadrinners rûn ik fan Holwert nei it Amelân. ûnder lieding fan Luppo Deuntje út Drachten. In reportaazje fan Geartsje de Vries.
    0 min
  • 1: Ferhalen fan it Waad - "Dokter Deen, we nemen er nog één!"
    John Deen kaam 25 jier lyn mei syn húshâlding nei Flylân. Hy wie de iennigste húsdokter op it eilân en dermei ek fee-arts en soms sels toskedokter. Syn aventoeren smieten in berch ferhalen op foar de tv-searje Dokter Deen, mei Monique van der Ven yn de haadrol. No't de lêste TV-opnamen plak fûn ha, de TV-searje hâldt foarearst op, sochten wy John Deen op. Fynt hy it slim dat de searje ophâldt, wie der in swart gat doe't hy sels ophâlde moast en werom fielt hy him sa thús op Flylân? In reportaazje fan Aukje de Hoop.
    0 min
  • Sicko Heldoorn en Anja Hiemstra sile mei de Jodzert nei it Noorden
    Sint Petersburg wie it doel fan de sylreis dy't Sicko Heldoorn en syn frou Anja Hiemstra dizze simmer makken. Al jierren farre se mei harren jacht de Jodzert rjochting it Noorden. Nei it pensioen fan de âld boargemaster binne de reizen langer en kinne se fierder fuort: trije moanne hawwe se omswalke op de Eastsee, oan't se net fierder koene.
    11 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

164 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

25 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

252 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners