Buro de Vries (Podcast)

Buro de Vries (Podcast)

By Omrop FryslânNewsPolitics
Download on the App Store

Buro de Vries (Podcast) episodes

  • Simmergast: Slimane Elhilmi
    In oere oan tafel as Simmergast by Buro de Vries: Slimane Elhilmi, foarsitter fan de Marokkaanske mienksip op It Hearrenfean. Elhilmi wol graach foar ferbining soargje tusken ferskate groepen en hy fynt dat de El Fath-moskee op It Hearrenfean in plak foar eltsenien is.
    54 min
  • "Triennen om de Wheelie King..."
    De Ljouwerter motorrider Ben de Groot (27) stie bekend as de Wheelie King. Hy behearske syn motor as gjin oar, mar mocht ek -benammen op it sirkwy- graach de rântsjes opsykje. Op sân novimber ferline jier waard er oanriden op de krusing fan de Planetenlaan en de Apollowei yn Ljouwert. Hy oerlibbe it net. Wa wie Ben? Wat is der krekt bard? En: wat lit er efter? Foar de rubryk Ut it Libben, prate Buro de Vries mei syn âlders, broers en skoansuskes en tsientallen freonen. It waard in oangripende radiodokumintêre oer Ben, oer syn autisme, it pesten op de basisskoalle, syn freonskip, syn ûnhandichheid, it ûngelok, de útfeart, mar boppe alles: oer syn passy foar de motor. Mar dan wie der ek noch it dilemma foar syn broers, dy't ek motorride. En in skuldgefoel fan de âlders: "Ik denk wel eens, waren we maar een gezin van basketballers geweest, dan waren we nu nog compleet."
    36 min
  • De comeback fan Frans Douwe Slot
    Fokale distony. Ek wol musisearkramp neamd. Pianist Frans Douwe Slot fan it Hearrenfean hat dizze kwaal en it soarge derfoar dat hy net mear optrede koe. Yn 2015 begûn er oan in revalidaasjetrajekt yn Spanje en no, hast seis jier letter is er safier dat er wer optrede kin. As ôfsluting fan dizze perioade wol er in cd mei wurken fan de komponist Brucken Fock opnimme. It Buro tekene syn ferhaal op:
    13 min
  • Freonskip yn tiden fan sykte
    Alfleisklierkanker is de ien-neideadlikste foarm fan kanker. Njoggentich prosint fan de pasjinten ferstjert binnen in jier nei de diagnose. Elly Breeuwsma fan Ljouwert krige trije jier lyn te hearren dat se alfleisklierkanker hat. Sy koe operearre wurde en yn dy trije jier hat se meardere gemokueren hân. Se hat har hoop festige op professor Casper van Eijck dy't fannewike bekend makke dat syn ûndersyk nei in foarm fan immunoterapy, hoopfolle risseltaten jout: fan de tsien pasjinten binne njoggen nei oardel jier noch altyd 'skjin'. Elly koe net meidwaan oan dat ûndersyk, mar no't it útwreide wurdt hopet se dat se wol yn 'e beneaming komt. Buro de Vries redakteur Geartsje de Vries makke in hiel persoanllik dokumint.
    28 min
  • Sido Martens skriuwt in boek oer syn jeugd
    De earste jierren fan je libben kinne je meitsje of brekke. Hoe is it om yn in gesin op te groeien dat ôfstanlik is, dêr't de mem samar ferdwynt en heit de drank net stean litte kin. Sido Martens skreau it boek De Weemoeder. De muzikant en skriuwer is 71 en skreau pas de ôfrûne tiid syn jeugd en de gefolgen derfan fan him ôf. Simone Scheffer gie mei him werom nei de Sumatrastraat yn Ljouwert. Under de reek fan it Cambuurstadion leit dit strjitsje dêr't Sido opgroeide. Foar it earst yn skoften stie hy wer foar nûmer 27. It hûs dêr't de oantinkens oan in net ideale jeugd lizze.Ek hearre we muzyk fan it nijste album fan Martens. It album stiet ek yn it teken fan syn jeugdferhaal De Weemoeder.
    17 min
  • Pleechsoarch: net makkelik, wol hiel moai as it slagget
    Ryk of earm, tegearre of allinne, homo of hetero: elkenien kin yn prinsipe pleechâlder wurde. Wat telt is dat jo in bern struktuer, waarmte en feiligens jaan kinne. Sa stiet it op de webside fan Jeugdhelp Fryslân as it giet oer pleechsoarch. Hast elkenien kin pleechâlder wurde en dochs binne der lang net genoch pleechâlders. Om omtinken te freegjen foar dat probleem wurdt al in pear jier de wike fan de pleechsoarch organisearre. Dy is ôfrûne woansdei begûn en duorret noch oantemei tiisdei. Foar it Buro in moaie oanlieding om ris út te sykjen hoe't dat no wurket yn de praktyk. We giene nei Goutum, dêr't de 13-jierrige Amir hielendal opnommen is yn it gesin fan Gerwin en Minke van Dam:
    13 min
  • Simmergast: Wouter van Geffen
    Dr. Wouter van Geffen (35) is ús Simmergast. Van Geffen wurket as longdokter by it MCL yn Ljouwert. Hy is ferbûn oan de ôfdieling onkology en hâldt him dus benammen dwaande mei longkankerpasjinten. Hy hat syn oplieding yn Grins dien, wurke foar syn promoasje ûnder mear yn it Royal Hospital yn Londen en foar in ûndersyk nei de 'long-oanfal' wûn hy in ynternasjonale priis. Njonken syn wurk as medysk spesjalist, is van Geffen as ûndersiker ferbûn oan it UMCG. Hy docht dêr wittenskiplik ûndersyk nei de kwaliteit fan libjen en de behanneling fan kanker. Wouter van Geffen waard lykwols benammen bekend fanwege syn 'corona-vlogs' foar it ferneamde telefyzjeprogramma Frontberichten. Dêryn holden minsken yn tal fan soarchberoppen sels in fideodeiboek by. It joech in ynkringend byld fan wat de coronakrisis yn de praktyk betsjutte en hokker dilemma's de soarchwurkers foar de kiezzen krigen. Hoe sjocht hy werom op dy hektyske perioade? Wêr rûn er tsjin oan en wat ha hy en syn kollega's hjir fan leard, en binne we écht klear foar in twadde weach? Mar ek: hoe wie it om suver in soarte fan BN'er te wurden troch dat programma Frontberichten en oare media-optredens? Fierder omtinken foar Van Geffen as persoan: Wêrom keas hy foar Fryslân en it MCL? Wa ha him ein ynspirearre en hokker muzyk heart er graach?
    49 min

About Buro de Vries (Podcast)

From the publisher's feed

Buro de Vries siket it út! Moaie dokumintêres, nijsgjirrige gasten of in ferrassend petear. Buro de Vries nimt je gemoedlik mei de djipte yn.  Buro de Vries fynst yn dyn podcastapp en op Spotify.…

More shows like Buro de Vries (Podcast)

Het Marathoninterview by NPO Luister / VPRO

Het Marathoninterview

5 Listeners

Boekestijn en De Wijk by BNR Nieuwsradio

Boekestijn en De Wijk

164 Listeners

Nieuwsweekend by NPO Radio 1 / Omroep MAX

Nieuwsweekend

6 Listeners

Sportcast by Omrop Fryslân

Sportcast

0 Listeners

Met Groenteman in de kast by de Volkskrant

Met Groenteman in de kast

80 Listeners

De Publieke Tribune by NPO Radio 1 / HUMAN

De Publieke Tribune

25 Listeners

Maarten van Rossem & Tom Jessen by Tom Jessen en Maarten van Rossem

Maarten van Rossem & Tom Jessen

252 Listeners

Redders op Zee by KNRM x Fisherman’s Friend

Redders op Zee

12 Listeners

Zolang het leuk is by BNR Nieuwsradio

Zolang het leuk is

30 Listeners